Ynstallaasjebedriuw Feenstra komt werom as sponsor fan iishockeyklup Flyers

Martijn Oosterwijk fan de UNIS Flyers © Orange Pictures
Alde tiden komme werom by iishockeyklup UNIS Flyers op It Hearrenfean. Ynstallaasjebedriuw Feenstra komt nammentlik werom as sponsor.
Yn de jierren '70 en '80 wûn de klup de iene nei de oare lânstitel en nasjonale beker ûnder de namme Feenstra Flyers. Spesjaal foar it 75-jierrich bestean fan it bedriuw komt Feenstra no werom as sponsor, al bliuwt de namme fan de klup wol gewoan UNIS Flyers.
"Mei de nije gearwurking tusken UNIS Flyers en Feenstra komt de histoarje opnij ta libben. Sûnder de jierrenlange sponsoring fan Feenstra hienen wy as klup no net dit fûnemint hân. We fine it dan ek fantastysk dat iishockey in prominint plak hat by it 75-jierrich bestean fan it bedriuw", seit Flyers-foarsitter Henk Hoekstra.
De UNIS Flyers begjinne it nije seizoen sneon mei in wedstriid om de Ron Berteling Schaal tsjin HIJS Hokij. De wedstriid begjint om 17:00 oere yn Amsterdam.