Jagersferiening tinkt oan juridyske stappen nei ynlûken goedkarring Faunabehearplan

In jager yn it lân © ANP
De jagersferiening is ferbjustere oer it feit dat de provinsje de goedkarring fan it Faunabehearplan ynlutsen hat. Neffens de feriening hat de provinsje dêr it foech net iens foar.
It beslút fan de provinsje betsjut dat der foarearst net mear op wyldsoarten, lykas hazzen, wylde einen, houtdowen en kninen jage wurde mei. De reden dêrfoar is dat de gegevens oer tellingen fan de soarten dy't bejage wurde meie net folslein binne.

Juridyske kwestje

Siebren Siebenga fan de jagersferiening is net tefreden mei de gong fan saken. "Wy hearden it fia Omrop Fryslân. Fan de provinsje hawwe we gjin berjocht hân. Dat fertsjinnet net de 'schoonheidsprijs'."
Neffens Siebenga kloppet it juridysk net dat de provinsje de jacht op wyldsoarten stillein hat. "De provinsje giet dêr net oer. Dat is in kwestje foar de minister. Ik ha it by de ôfdieling juridyske saken fan de jagersferiening dellein. Dy sil dermei oan de slach."

'Der is wol in goed byld'

In oantal 'wildbeheereenheden' (WBE's) hat net alle gegevens ynlevere. Stichting Fauna4Life hie dêrom beswier makke tsjin it goedkarren fan it Faunabehearplan. In beswierkommisje fan de provinsje hie dêrom nochris nei de plannen sjoen en kaam ta de konklúzje dat de goedkarring ynlutsen wurde moat.
Mar neffens Siebenga jouwe de gegevens wol in goed byld fan hoe't it giet mei de wyldsoarten. "Yn it Faunabehearplan giet it derom om in idee te krijen fan de fersprieding en de oantalle-ûntwikkeling fan wyldsoarten. As je de gegevens fan 70 oant 80 prosint fan de WBE's hawwe, dan jout dat wol in reedlik byld."

Hjerst sûnder jacht?

Deputearre Klaas Fokkinga stelt dat der no hurd wurke wurdt om de ûntbrekkende gegevens boppe wetter te krijen, mar it is mar de fraach oft dat slagget foar de start fan it jachtseizoen op 15 oktober. Yn it uterste gefal driget in hjerst sûnder jacht.
"Der moat op 'e nij in plan skreaun wurde mei de oanfoljende gegevens. Dat moat beoardiele en goedkard wurde troch ús as kolleezje en dan is der wer in mooglikheid om beswier te meitsjen. It is net samar wer klear", seit Fokkinga.
As der net jage wurde mei, dan betsjut dat neffens Siebenga dat der in skoftke mear bisten fan bepaalde soarten wêze kinne. "Mar yn de rin fan de jierren komme je wol wer op deselde stân."