Fytspaden by Bakkefean en Wynjewâld lang om let oanpakt, mar net alles kin

Harry Blaauwbroek op ien fan de paden © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
Doarpsbelangen stride al goed tsien jier foar nije fytspaden yn it gebiet tusken Bakkefean en Wynjewâld. Lang om let is der no hast 860.000 euro beskikber, mar dêr kin mar de helte fan opknapt wurde.
Woartels dy't troch it asfalt komme en min ûnderhâld: it soarge foar hobbels en minne diken. Dêr moat no wat oan dien wurde: der komt beton foar yn it plak.
It jild komt fan ûnder oare de Regiodeal Súdeast-Fryslân, fan Stichting Vlooienmarkt Bakkeveen, gemeente Opsterlân, Natuurmonumenten en Steatsboskbehear. Dy lêste twa binne de eigeners fan de paden, mar dy hawwe der sels net genôch jild foar.
In boppeslach soene je sizze, mar dochs is foarsitter Harry Blaauwbroek fan Pleatslik Belang Wynjewâld noch net al te tefreden. "It spitige is dat wy dêr ûngefear de helte fan dwaan kinne. Dat hinget ek ôf fan de prizen, dat is wol wat ûnwis."
De paden binne der min oan ta © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
De fytspaden by de Slotpleats en yn it Oude Bosch hawwe foar de gemeente de measte prioriteit. It wurk moat dêr takom jier úteinsette. Dêrnei folget de omjouwing fan de Duerswâlderheide.
Blaauwbroek hopet dat it stik noardlik fan de Duerswâldmer Wei wol oanlein wurde kin. "Dat is sa'n bytsje de helte fan de totale tsien kilometer. Ik bin bang dat de rest noch wol lang lizzen bliuwt. Wy tinke dat it in soad geduld freget fan pleatslik belangen om dit klear te krijen."
Dat wylst der al sûnt 2012 oan wurke wurdt troch doarpsbelangen, dy't it inisjatyf namen. "Yn 2019 kaam it yn in streamfersnelling. Wy fine it moai dat der wat bart no en dat de partijen gearwurkje. Al is it wol bysûnder spitich dat de helte mar útfierd wurdt."
Foarsitter Harry Blaauwbroek fan Pleatslik Belang Wynjewâld