Debat oer nij azc yn Ljouwert rint út op konfrontaasje tusken opposysje en koälysje

De opposysje fan de gemeente Ljouwert botste woansdeitejûn flink mei de koälysje yn it spoeddebat oer de ynformaasjefoarsjenning oer de komst fan in azc oan de Troelstraweg. "Der binne in protte fragen steld, mar der kamen wer gjin antwurden", seit Jan Willem Tuininga fan de FNP.
By de opposysje oerhearsket lilkens oer it feit dat de earste ideeën foar de nije azc al in jier bekend binne by de portefúljehâlders, wylst de ried en omwenners pas ôfrûne juny op de hichte brocht binne.
"Hoe giet it kolleezje mei de ried om?"
It wie reden foar seis opposysjepartijen om in spoedfergadering yn te laskjen, mar dat hie net it winske effekt. "Ik draai al mear as 20 jier mei yn it politike sirkus, mar dit ha ik noch nea meimakke. Der binne in protte fragen steld, mar de kamen wer gjin antwurden. Hoe giet it kolleezje dan mei in ried om?"
Der waard dêrom in moasje yntsjinne wêrmei't de opposysje it kolleezje safier besocht te krijen om alle fragen dochs noch skriftlik te beäntwurdzjen. Dy moasje helle it net: de koälysje stimde tsjin.
"It frjemde is dat boargemaster Buma tasein hat de moasje útfiere te kinnen, mar de eigen koälysjepartijen stimme tsjin. Yn myn eagen hat de koälysje fan de gemeente Ljouwert gjin betrouwen yn harren eigen kolleezje, sa liket it." Uteinlik is der dochs tasein dat it kolleezje wurkje sil oan it ferbetterjen fan de kommunikaasje nei de ried ta.
Ungemak
Neffens Tuininga is dat hurd nedich. Je sizze dochs ek net: we wolle in nij Cambuurstadion hawwe en sadree't de tekeningen klear binne, sille we jimme wol ynformearje? Sa wurket it net en sa wurket it mei in azc ek net. De buert moat ynformearre wurde, der moat draachflak foar wêze en de politike partijen binne derfoar om dy minsken te fertsjintwurdigjen.
Wethâlder Nathalie Kramers koe har dêr mar foar in part yn fine. "Ik begrijp het ongemak van de raad over hoe lang het proces duurt. Je hebt altijd tijd nodig voor verkenningen. Dat is eerst ambtelijk: dan weeg je de voor- en nadelen tegen elkaar af. Daar gaat een tijdje overheen. Normaal informeer je de raad er dan ook niet over."
De spanningen tusken opposysje en koälysje sille der noch wol efkes bliuwe. Tuininga kin der noch wol mei humor nei sjen. "De publike tribune wie aardich fol. Ik ha tsjin de minsken sein dat sa'n jûn goedkeaper is as in jûn nei De Harmonie."