Beafeartsoart foar besikers: stichting wol menistetsjerke Wytmarsum útwreidzje

Wytmarsum wurdt in stik gastfrijer foar de (ynter)nasjonale folgers fan Menno Simons dy't nei it doarp komme. Efter de menistetsjerke oan de Arumerwei moat in nije seal komme, dêr't ek plak foar útstallingen is.
Menno Simons (sa. 1496-1561) stie oan de basis fan de menistetsjerke. Hy wie in tsjerkeherfoarmer, de grûnlizzer fan in nije streaming yn it kristendom. Hy waard berne yn Wytmarsum en dat makket it doarp foar syn folgelingen ta in populêr plak.
Gjin tichte doar mear
Mar besikers rinne op dit stuit faak tsjin in tichte doar oan. "Dat fyn ik spitich. Sy tinke: wy sille ris sjen wat der hjir yn Wytmarsum te belibjen is. Mar dan kinne sy der net yn. Wy wolle de minsken en har ferhalen graach ûntfange", seit Menno de Vries as bestjoerslid fan Stichting Doopsgezinde Monumenten Fryslân.

"Wy wolle sjen litte dat Wytmarsum ít beafeartsoard foar de menisten is. Mar ek foar minsken dy't gewoan mear witte wolle oer it menist-wêzen."
Bybouwe
De stichting hat in arsjitekt ynskeakele, dy't in plan makke hat om oan de efterkant in stik by te bouwen. "Sa bliuwt de foarkant ticht, sa't it der no stiet", seit De Vries. Ek moat der in nije keuken komme. De fermanje oan de Arumerwei is boud yn 1960, dêrfoar stie der in gebou út 1877.
It bysûndere fan it gebouke is dat it frijwillich troch menisten út de hiele wrâld makke is, leit De Vries út. "Der sit al in wrâld-bruorskip efter de bou fan it tsjerkje en wy wolle dy iepenheid ek toane oan dy bruorskip út de hiele wrâld."
Menno de Vries fan Stichting Doopsgezinde Monumenten Fryslân
Yn de nije seal moatte groepen en passanten ûntfongen wurde kinne. "Dêr komme ferhalen oer Menno Simons en oer it doperske, sa't wy in gastfrije gemeente binne." Neffens De Vries helje de besiten oan it doarp de lêste jierren wer oan.
Ek foar it doarp
Mei de plannen wol de stichting it gebou ek foar de takomst bewarje. "De menistegemeente tart yn. Dan moatte je ek in funksje foar it gebou sykje dy't mear kin as allinne in tsjerke. Wy wolle útstriele dat wy ek wat foar it doarp betsjutte kinne: sa sit der ek in koar en in dûnsklup yn no."

De stichting stelt op dit stuit ek de âlde fermanje yn Penjum iepen foar besikers, mar dy moatte dêr wol in ôfspraak foar meitsje. De stichting hat dizze tsjerke, in kontoertsjerkje en in monumint foar Menno Simons yn behear.
"De bedoeling is dat wy yn Wytmarsum minsken ûntfange en yn Penjum de tsjerke wer yn âlde steat bringe. Mei in gids kinne de besikers dan noch wol nei Penjum", seit De Vries.
Ambysje
De stichting is al in jier as fjouwer mei de plannen dwaande, al jage de coronakrisis de boel wol efkes yn 'e bulten. Foar de nijbou wie yn 't earstoan 200.000 euro begrutte, mar De Vries ferwachter dat dit mei de ynflaasje fan hjoed-de-dei wat heger útfalle sil.
"Wy moatte earst de fergunning rûn krije, dêr sil Hûs & Hiem oer gear. Wy hoopje op in posityf sinjaal en dêrnei kinne wy fûnsen oanskriuwe", seit De Vies. De stichting hopet dat takom jier de bou úteinsette kin. De ambysje is dat it nije gebou yn de simmer alle middeis iepen is.