Ljouwerter bedriuw wol sûnere kij mei oare lisboksen: "Net as sigaren yn in doaske"

Sa sjocht it prototype der út © Rinse Andringa
In Ljouwerter bedriuw hat in nij type lisboksstâl ûntwikkele mei mear romte. Kij net mear as sigaren yn in doaske, mar yn in rommere lisboksstâl. Dêrtroch krije sy in sûner en moaier libben, sa is de gedachte.
Op dit stuit is der in prototype makke, de bedoeling is dat it konsept yn de simmer fan takom jier definityf klear is. Op in Dútske beurs hat it bedriuw twa prizen wûn foar it konsept, op it mêd fan ynnovaasje en bistewolwêzen.
Yn de besteande lisboksen sit der faak mar in goeie meter romte tusken de stielen stekken dêr't de kij tusken lizze, wylst in ko sels sa'n 1.20 meter breed is. De ko leit dan hieltyd tsjin it stek oan en kin net in natuerlike hâlding oannimme.
As je de boksen breder meitsje, kin de ko der bryk yn stean, wêrtroch't de stront net yn de dêrfoar bestimde goate bedarret. Dan fersmoarget it lisbêd dêr't de ko op leit en dêr hat de boer in soad wurk fan.

Frame op hichte

Cowhouse International hat in horizontaal metalen profyl makke dy't de ko wol op it plak hâldt. Der wurdt in frame op hichte montearre. Dat is wat smeller, mar in steande ko is ek smeller. In lizzende ko is sa'n 1.20 breed, in steande ko sa'n 85-90 sintimeter.
© Rinse Andringa
De ko krijt mear romte om te lizzen en om steand de holle kwyt te kinnen. De claim fan it bedriuw is: in ko dy't noflik leit, jout mear molke, de klauwen binne sûnder en de ko libbet langer.

Freget romte

Direkteur Rinse Andringa moat wol tajaan dat it type lisboksstâl mear romte freget. De boksbreedte is sa'n 1.40 meter, dat is sa'n 15 persint breder as gongber. As je no 100 kij hawwe, kinne je mei it nije type noch mar 85 hawwe.
"Dochs binne wy der fan oertsjûge dat je dit yn de molktank net weromfine. De kij jouwe likefolle molke en de feedokter is ek minder op it hiem nedich", seit Andringa. Der is al mei al 15 jier wurke oan it idee. "It kin dreech wêze om wat simpels te betinken", seit Andringa. "Sa is it stopjern ek útfûn tink ik", laket er.