FIDEO: Ald- en Nijhoarne werom yn de tiid mei it Flaeijelfeest
Ald- en Nijhoarne geane werom yn de tiid mei it Flaeijelfeest
Alderwetske klean, antike masinen en in boere-optocht: Ald- en Nijhoarne geane sneon 100 jier werom yn de tiid mei it Flaeijelfeest. Frijwilligers tsjoene in stik greide om ta in âlde doarpsstrjitte mei in hûskeamer, bakkerij en in skoalle. It evenemint stie trije jier stil troch corona, mar no komt it âlde guod wer foar it ljocht.