Bittere pil foar Smellingerlân: mearderheid Steaten net foar farwei nei Drachten

Wethâlder Maria le Roy fan Smellingerlân is teloarsteld © Omrop Fryslân
Der komt definityf gjin grutte farwei troch De Hege Warren nei Drachten. Yn Provinsjale Steaten is gjin mearderheid foar de oanlis fan in brede farwei dy't geskikt is foar klasse-V skippen. In teloarstelling foar gemeente Smellingerlân.
De farwei soe sa breed wurde moatte dat dy geskikt is foar de grutste kategory binnenfeartskippen. De rûte rint fan it Prinses Margrietkanaal, troch De Hege Warren oant efter De Feanhoop nei it Drachtster yndustrygebiet. Mar der binne in soad beswieren tsjin de rûte, benammen om't de gefolgen foar de natuer grut binne.
In mearderheid fan de Steaten fynt dat der 'gjin nut en needsaak' is om miljoenen út te jaan foar in brede farwei nei de haven fan Drachten.
Mearderheid Provinsjale Steaten net foar farwei nei Drachten
Klasse V-frachtskippen kinne no in ûntheffing krije om nei Drachten te farren. It ofrûne jier hawwe mar sân skippen fan sa'n ûntheffing gebrûk makke. Dat is te min om in nije farwei oan te lizzen, fine de measte partijen.

"Bittere teleurstelling"

Havenwethâlder Maria le Roy siet foaroan op de publike tribune. Sy fynt it beslút fan Provinsjale Steaten in miste kâns. "Het is een bittere teleurstelling. Ook wat er gezegd wordt over de economische potentie van de haven van Drachten. We hadden het wel ingeschat, maar toch hoop je tegen beter weten in dat er wat genuanceerder wordt gesproken."

Fêstigingsklimaat

Le Roy hat grutte noed oer it fêstigingsklimaat fan Drachten. "Ik maak mij zorgen over het imago van onze provincie." De yndustry sit der no ienkear en der is plak foar nije bedriuwen, seit de wethâlder. "Dus je moet ook nadenken over de toekomst van vaarwegen."
© Omrop Fryslân
Foar griener transport is it nedich om mear oer it wetter te ferfieren en minder yn fersmoargjende frachtauto's. As je dat wolle, moatte der wol kanalen lizze mei genôch kapasiteit.
"Het is voor de toekomst van belang dat we zwaar transport over water de ruimte geven. Ook in de transitie naar duurzame brandstoffen. In een waterrijke provincie als de onze zou daar veel aandacht voor moeten zijn", seit Le Roy.

CDA sjocht nut en needsaak no net

Ferline wike liet it CDA yn de kommisjegearkomste witte nochris sjen te wollen nei de arguminten fan de gemeente Smellingerlân en de Drachtster ûndernimmers, mar stipet no it foarstel fan deputearre steaten om foarearst gjin brede farwei oan te lizzen. It CDA sjocht foar de langere termyn wol wat yn in nije farwei, mar fynt dy nó net nedich.
CDA-Steatelid Anton Meijerman © Omrop Fryslân
"Dat is ook duidelijk dat de ondernemers en de wethouder van Smallingerland duidelijkheid hebben aangegeven. Nu niet. De nut en noodzaak zijn nu niet aanwezig", seit CDA-Steatelid Anton Meijerman.

"Histoaryske flater"

Unôfhinklik Steatelid Grite Wymenga sjocht der oars tsjinoan: sy neamt it in 'histoaryske flater.' Sy fynt dat der pas nei de planfaze oant 2024 in echt beslút naam wurde moat. "Ik begryp ek net wêrom't myn kollega-Steateleden sa benaud binne foar de planfaze, want dan leit alles noch iepen."
Unôfhinklik Steatelid Grite Wymenga © Omrop Fryslân
Wymenga fynt dat de Steaten net genôch nei de lange termyn sjogge. Sels sjocht sy graach in Frysk havennetwurk. "De beroepsfeart nei Ljouwert is bot groeid om't der in kontenerterminal kaam is. Sa moatte je somtiden ek foarútsjen."

Ferkiezingen

Wethâlder Le Roy wiist der op dat der nei de Steateferkiezingen fan takom jier in nij provinsjebestjoer is en dat is saak is sjen te litten dat de haven fan Drachten takomst hat. As Nederlân en Fryslân wurk meitsje wolle fan it plan om mear ferfier oer it wetter te dwaan, dan komt dy diskusje oer in brede farwei nei Drachten mooglik wer werom.