Wrâldalzheimerdei: Mei-inoar op 'en paad

Op 'en paad op Wrâldalzheimerdei © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
By soarchgroep Noorderbreedte yn Ljouwert nimme se it tema 'Samen op pad' fan Wrâldalzheimerdei letterlik. Frijwilligers nimme de kliïnten mei nei bûten ta foar in speurtocht.
It is woansdei Wrâldalzheimerdei, in dei dat der spesjaal omtinken is foar minsken mei demintsy. Mei de speurtocht bûtendoar besykje se by Noorderbreedte Ljouwert it ûnthâld fan de minsken te stimulearjen. Maklik is dat net, wit frijwilliger Jacqueline. "Je moet over het algemeen veel geduld hebben. Vragen komen steeds weer terug."
Communicatie is soms eenrichtingsverkeer.
Frijwilliger Jaqueline, soarchgroep Noorderbreedte
Jacqueline docht it wurk noch net sa lang. Sûnt fan 't maitiid is se aktyf as frijwilliger. Se nimt de kliïnten fan Noorderbreedte mei nei bûten ta of docht oare dingen mei harren.
Kommunikaasje mei de minsken fynt se dreech: "Het is soms eenrichtingsverkeer. We hadden laatst een man die slechtziend was. Dat wisten we eerst niet. Dan zeiden we van 'kijk daar, die mooie bloemen.' Nu we het weten, vertellen we over vers gemaaid gras en laten we hem dingen voelen."
Foar de soarch sels is it in belangrike dei. Minsken mei alzheimer en demintsy hawwe in soad spesjale soarch nedich. Dat makket it foar it personiel net altyd maklik.
"Moatst echt sjen nei wat bewenners nedich hawwe. De iene hat in soad soarch nedich, de oare minder. Mar dat kin in jier letter alwer folslein oars wêze", seit Marleen Visser fan de soarchgroep. "It is dan ek fan belang dat we mei ús allen stilstean by dizze sykte."
Jacqueline is bliid dat se helpe kin: "Er zijn nogal wat mensen met deze aandoening. Ik las ergens dat het een driehonderdduizend zijn. Dat is een hard gelag. Zeker voor familieleden. Dat ze je eerst kennen en later negeren omdat ze geen idee meer hebben wie je bent."