Jacht op wyldsoarten foarearst net mear tastien: Fryslân karde plan ûnterjochte goed

Jacht op hazzen © ANP
Der mei yn Fryslân foarearst net mear jage wurde op hazzen, fazanten, wylde einen, houtdowen en kninen. De provinsje lûkt de goedkarring foar it ferline jier fêststeld Faunabehearplan wer yn nei beswier.
Yn sa'n Faunabehearplan stiet hoefolle bistesoarten der winske binne yn in bepaald gebiet. It plan foar 2022-2026 is opsteld troch Faunabeheereenheid Fryslân (FBE), in gearwurking fan jagers, boeren en terreinbehearders.

Beswier Fauna4Life

It plan moat foarlein wurde en de provinsje Fryslân hat it op 21 desimber ferline jier goedkard. Stichting Fauna4Life hat lykwols beswier makke op de plannen. Dizze lanlike stichting komt op foar de yn it wyld libjende bisten yn Nederlân.
In beswierkommisje fan de provinsje hat dêrom nochris nei de plannen sjoen en kaam ta de konklúzje dat de goedkarring ynlutsen wurde moat.

Telgegevens misse

De reden dêrfoar is dat de gegevens oer tellingen fan de soarten dy't bejage wurde meie net folslein binne. In oantal wyldbehearienheden hat gjin telgegevens en om't dy ûntbrekke wurdt der net oan wetlike easken foldien.
It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Provinsje Fryslân wie dêrfan op de hichte, mar fûn dat der mei de plannen genôch sicht op ferbettering wie. De beswierkommisje ropt de provinsje lykwols werom.
It gefolch is dat der dus foarearst net mear jage wurde mei op de wyldsoarten, oant der in eventueel nij en oanfolle faunabehearplan leit.