Van Gent wiis mei trochsetten ferplichting skeantemjitter kontenerskippen

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach © Omrop Fryslan
It ministearje fan Ynfrakstruktuer en Wettersteat wurket fierder oan it ferplichtsjen fan alarmearring as in kontenerskip te bryk oerhinget, stiet yn de Ryksbegrutting foar takom jier. Dat is goed nijs, fynt boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach.
Yn de Ryksbegrutting wurdt referearre oan de kontenerramp mei de MSC Zoe, dy't yn 2019 leafst 342 konteners op de Noardsee ferlear. Dêrnjonken hawwe ek mear resinte ûngelokken mei kontenerskippen by it Waad sjen litten dat de transportfeiligens ferbettere wurde moat.
It ministearje set dêrom yn 2023 troch mei de ferplichting fan in elektryske 'inclinometer', oftewol in slingerhoekmjitter. Dit apparaat warskôget as in kontenerskip te bryk komt te lizzen, wêrtroch't it gefaar ûntstiet konteners te ferliezen.
Ferline jier hawwe de Internationale Scheepvaartkamer en de Koninklijke Vereniging van Nederlandse Reders yn 'e mande mei Nederlân, Dútslân en Frankryk der al by de Internationale Maritieme Organisatie op oantrune om nije kontenerskippen ferplicht út te rêsten mei sa'n slingerhoekmjitter.

Korrizjearje

It hat mei de stabiliteit fan in skip te krijen, seit boargemaster Van Gent. Sy is wiis mei it trochsetten, ferklearre sy tsjin NPO Radio 1. "De meter geeft een alarm af als je echt een te grote helling krijgt, zodat je ook op tijd kunt corrigeren. Je schijnt dat nog wel te kunnen."
In kontenerskip ûnder in skip mei soere appels © ANP
De ramp mei de MSC Zoe soarge op de strannen fan Skiermûntseach foar in ravaazje, seit Van Gent. Der wurdt noch hieltyd rommel fûn, al is it measte al wol opromme.

Rûte-advys en fêstsette

Sy wiist der wol op dat der neffens har ek oan de foarkant maatregels naam wurde moatte. "Het is belangrijk hoe de containers geladen worden, hoe ze gesjord en vastgezet worden. En ga je met zo'n enorm groot containerschip bij bijzonder slecht weer scheepvaartroutes bij de Waddeneilanden bevaren? Hoe zinvol is dat, kun je je afvragen."
Ek dêryn komt it ministearje yn 'e mjitte. Mei Dútslân en Denemarken wurdt fierder wurke oan in oanpassing fan de skipfeartrûten, mei advizen foar kontenerskippen.
Van Gent hat it al faak sein, mar is der net minder dúdlik om: "Elke euro telt in deze business, want de marges zijn krap en de risico's worden best groot genomen. Nu komt er bij slecht weer een dringend advies van de Kustwacht om een route niet te gebruiken, maar ik heb altijd gezegd dat een dwingend advies veel beter zou zijn."