Slowaakske mûzebeskermers yn Fryslân om te learen oer de beskerming fan de rottekop
Fiif Slowaakske natuerbeskermers reizgje dizze wike troch Fryslân om mei natuerbeskermers hjir út te finen hoe't je foarkomme dat in tige beskerme sompemûske net allinnich hjir, mar ek yn Slowakije útstjert. It giet om de rottekop (noordse woelmuis).

Harren besite begûn yn de Alde Feanen en krige in ferfolch yn it Snitsermargebiet en de Iselmarkust. En as je tinke, wat makket it no út; ien soarte mûzen minder? Dan is it goed te witten dat mei dat mûske úteinlik ek in leefgebiet ferdwynt dêr't folle mear ynsekten, planten, fisken en bisten fan ôfhinklik binne.
Yn Fryslân binne dat ûnder oare âlde healannen en yn Slowakije eardere sompegebieten by de Donau. Dat leit ien fan de Slowaken, Jakub Sigmund, ek út: "It leefgebiet fan de rottekop is ek tige geskikt foar guon wetterfûgels of oare sompesoarten. It giet dus net allinnich om de mûs, mar wy fokusje ús dêrom wol op dy lytse, aardige mûs."
Behear
Yn de Alde Feanen leit de klam foaral op it behear fan geskikte leefgebieten. Sa is Sigmund hiel benijd wat der dien wurdt om foar te kommen dat in gebiet hielendal ferrûget en hoe't je omgean mei it guod dat oerbliuwt nei it meanen. Meiwurkers fan It Fryske Gea jouwe dêroer ek útlis. Der wurdt ek drok diskusjearre oer hoe't de lytse sûchdieren harren ferspriede kinne.
Slowaakske mûzebeskermers yn Fryslân
Nico Beemster is de gasthear fan dizze besite. Hy wurket foar ekologysk advysburo Altenburg&Wymenga en is de saakkundige as it oer mûzen giet: "Behalve in Friesland komt de Nederlandse woelmuis ook voor op Texel, in Noord Holland, Zuid Holland en Zeeland, maar wel heel plaatselijk. Dus ze zijn er ook buiten Friesland, maar ook in Slowakije en in Hongarije en Oostenrijk op het grensgebied komt een ondersoort van de noordse woelmuis voor."
En foar al dy mûzen jildt dat sy troch oare mûzen ferjage wurde as harren leefgebiet net geregeld te krijen hat mei oerstreamings. Want dêr kinne dy oare mûzen net oer en de rottekop wol.
"Zo goed doen wij het hier ook niet"
Neffens Beemster moatte wy ús wol wat beskieden opstelle as it giet om wat wy de natuerbeskermers yn dy oare Europeeske lannen leare kinne: "Dat is een moeilijke vraag. Het is toch wel een andere situatie en zo goed doen wij het hier ook niet. We hebben hier het waterpeilbeheer eigenlijk ook niet aantrekkelijker gemaakt voor de noordse woelmuis."
