HEA! Janke L.W. de bêste op Sintrale Keuring

HEA! Merjekeuring Harich
De ferwachtings fan Janke L.W. binne heech. De Fryske merje fan de famylje Ludema fan Wytmarsum is ien fan de favoriten op de Sintrale Keuring fan it KFPS yn Harich.
Spannende mominten foar de Ludema's oan de sydkant fan de ring, as de hynders fan leech nei heech oproppen wurde foar it kampioenskip by de 3-jierrige merjes. Mar Janke stelt net teloar, de heechste eare is foar har. En as it hynder letter op dei ek noch útroppen wurdt ta algemien kampioen, de allerbêste merje fan Nederlân, is it gelok kompleet.