Petear oer maatregels enerzjy-earmoed útsteld yn Provinsjale Steaten

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Provinsjale Steaten hat woansdei besletten om net te praten oer in foarstel fan PvdA, GrienLinks, CDA, SP, D66 en de Partij voor de Dieren om op koarte termyn trije ton út te lûken foar enerzjycoaches en enerzjybesparjende maatregels. Dy coaches soene ek in budzjet krije moatte om enerzjybesparjende produkten te keapjen foar minsken dy't dat sels net betelje kinne.
De steaten hawwe hjir woansdei net oer praat, omdat der ek oare foarstellen kamen op it mêd fan enerzjy-earmoed. De steaten wolle by foarkar tagelikertiid oer dy foarstellen prate. Se sille dat no nije wike dwaan yn in kommisjegearkomste.
Yn Ljouwert rinne op sa'n 150 adressen trajekten en der is ferlet fan om tempo te meitsjen. De SP woe noch fierder gean en minsken mei in smelle beurs stypje by it isolearjen fan har huzen. De partij woe dêr twa miljoen foar útlûke.
Fraksjefoarsitter Edou Hamstra fan de Partij van de Arbeid is ferbjustere oer de gong fan saken yn de steaten fan woansdei, want dêrtroch wurdt in beslút oer in plan dêr't yn prinsipe in mearderheid foar is útsteld. Neffens har is it krekt by it bestriden fan enerzjy-earmoed fan grut belang om sa gau mooglik stappen te setten.
Edou Hamstra (PvdA Fryslân) © PvdA Fryslân
"It is skande dat hjoed yn de Steaten sein is dat earst nei Den Haag sjoen wurdt. It foarstel leit klear. No kinne we it net behannelje en de minsken net helpe", seit Edou Hamstra. Neffens har moat der no wat dien wurde. "In soad minsken sitte no al yn de problemen."
Ferslachjouwer Onno Falkena en Edou Hamstra