Sân toskedokterspraktiken yn Fryslân hackt: pasjintegegevens mooglik lekt

© Shutterstock.com (Tyler Olson)
Sân toskedokterspraktiken yn Fryslân ha nei alle gedachten in skoft lyn hackt west. Dat meldt it bedriuw Colosseum Dental dêr't de praktiken by hearre.
Nei eigen sizzen binne se it slachtoffer wurden fan cyberkriminaliteit. It bedriuw meldt dat pasjintegegevens mooglik ynsjoen of kopiearre binne troch hackers. Dêrtroch moast de soarchferliening tydlik stillein wurde oant de digitale systemen it wer dienen.
It bedriuw hat de Autoriteit Persoonsgegevens en de plysje op de hichte brocht fan it ynsidint.
It giet ûnder oare om Kraan Tandheelkunde op 'e Lemmer, en oare praktiken fan Colosseum Dental yn Snits, Boalsert, Makkum, Mantgum en Ljouwert.