Demonstraasje by ôffeart nei duorsumheidsfestival Springtij op Skylge

Dielnimmers oan it duorsumheidsfestival Springtij op Skylge binne woansdei yn Harns útswaaid mei fakkels en spandoeken. It gie om in protest fan klimaatgroepen. Dy binne derop tsjin dat fossile bedriuwen oan it festival dielnimme en it sponsorje.
"Ik fyn it eins net kinnen", seit Meindert Boersma fan aksjegroep Extinction Rebellion Fryslân, "dat in duorsumheidsfestival nota bene op in Waadeilân it talit dat bedriuwen dy't op syk binne nei gas yn de Waadsee meiprate oer duorsumheid en klimaattransysje."
Demonstraasje by ôffeart nei duorsumheidsfestival Springtij op Skylge
Hy hat in pak oan mei grien guod. "Ik bin green-washed, dat betsjut dat fossile bedriuwen dy't mei foute praktiken dwaande binne, lykas gas- en oaljewinst, in lyts part fan it bedriuw ferduorsumje, mar wol sa har imago besykje te ferbetterjen."

In VIP-kaartsje foar it festival kostet mear as 1000 euro. "Sa litst as bedriuw sjen datst goed dwaande bist foar it klimaat, mar konkreet bart krekt it tsjinoerstelde en binne de bedriuwen oan it lobbyen dat der minder klimaatwetjouwing komt." Neffens him komme der ek tal fan minsken en miljeu-organisaasjes dy't wol oprjocht binne.

Doe't se de demonstranten seach, hat se fuort kontakt mei se lein. "We zijn in gesprek gegaan wat hun eisen zijn en hoe wij het zien. We vinden dat iedereen mag aansluiten en kiezen ervoor om niet bepaalde industrieën uit te sluiten", seit Springtij-direkteur Katinka Abbenbroek. Se hat de demonstranten útnûge mei te farren, mar dat woenen se net.
Mei de demonstranten hat se wol in mienskiplike doelstelling. "We willen dat dat klimaatverandering wordt tegengehouden en aangepast, Maar we kijken ook naar energie-armoede, biodiversiteit, grondstoffengebruik en de sociale polarisatie."
Op it festival binne 65 sessys oer wetter, mobiliteit, yndustry, enerzjytransysje, lânbou, natuer en liederskip. "Met heel veel kunst en cultuur proberen we op Terschelling met changemakers verandering in te zetten met duizend man."
Meindert Boersma en Katinka Abbenbroek