De toan fan Froukje Sijtsma: "Gekmeitsjende piip"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Ik haw se standert yn myn tas sitten. In goed foarbehoedsmiddel is ommers it heale wurk, en je witte noait wêr't je deis noch bedarje. Ik wol mysels wol goed beskermje en dêrom wol ik nea wer sûnder myn eardopkes op maat.
Eins kin ik my net foarstelle dat ik earder sûnder gehoarbeskerming yn in folle kroech stie of dûnse op fierstente lûde muzyk. Myn freondinnen en ik koenen elkoar meast net ferstean, dat wy tetteren yn elkoars ear wat wy drinke woenen of raasden oerémis as in knappe fint foarby rûn.
De toan fan Froukje Sijtsma
De folgjende deis hie ik dan gauris in grouwe sûs yn myn earen. It luts gelokkich alle kearen wer fuort. Dochs binne der ferskate minsken yn myn omjouwing dy't tinnitus hawwe. Sy hawwe in konstante piip yn de earen. Faak wurdt it noch slimmer as de faktor sliepgebrek of stress om de hoeke sjen komt.
KNO-artsen warskôgje al jierren foar te hurde muzyk yn hoareka, op eveneminten of foar te lang bleatstean oan hurde lûden op de wurkflier. Al rinne minsken fansels ek op oare wizen gehoarbeskeadiging op. Te hurd lûd is nammentlik oeral.
Wat baalde ik der dit wykein dan ek fan dat ik myn eardopkes fergetten hie. Ik bedarre in middei yn in indoor boartersparadys en in subtropysk swimbad. It gelûdsnivo fan razende bern, apparatuer en muzyk dy't dêr wer boppe-út kaam, gie mei gemak oer de boppenoarm fan 80 desibel hinne.
'Foarkomme is better as genêze', mar de hurde realiteit is dat gehoarbeskeadiging net werom te draaien falt. Der bestean sels terapyen om minsken te learen hoe't se libje moatte mei in konstante gekmeitsjende piip.
Gehoareksperts liede dêrom no de needklok om't goed 2,5 miljoen Nederlanners lêst hawwe fan sûzjende earen. Christenunie-keamerlid Mirjam Bikker wol dêrom dat de polityk mei wetjouwing komt om gehoarbeskeadiging tsjin te gean.
Mar salang't de oerheid gjin besluten nimt oer it maksimaal tastiene oantal desibels of it ferplicht oanbieden fan gehoarbeskerming, sille minsken sels aksje ûndernimme moatte. Goeie foarljochting liket my dêrby fan grut belang. Want faak genôch sjoch ik âlden mei jonge bern foaroan by de muzykboksen stean.
De lêste jierren is der gelokkich hieltyd mear omtinken foar gehoarbeskerming. Koenen je je earder allinnich kondooms of tampons út in automaat helje, tsjintwurdich is it pluchmateriaal útwreide mei gehoarbeskerming.
Sels draach ik al fyftjin jier eardopkes. Earst hie ik neonkleurige fan skomplestik, mar dy fielden net lekker en ik rekke se ek altyd kwyt. Letter brûkte ik rubberen dopkes, dy't better sitten bleaunen. By in audicien haw ik tsien jier lyn gehoarbeskerming op maat meitsje litten mei in spesjaal lûdsfilter deryn. En ek al belibbest it lûd oars en hearst dysels praten, dochs fielt it better om mysels te beskermjen.
Mar sels de bêste eardopkes binne net in garânsje datst gjin gehoarbeskeadiging oprinst. En ek al is it eins de wrâld op syn kop, by tefolle desibels pluch ik leaver myn eardopkes yn en as it te mâl giet, gean ik fuort. Dat leaver as sa'n gekmeitsjende piip."