Frou (54) slim ferwûne by stekynsidint yn Grou
Yn Grou is woansdeitemoarn betiid in 54-jierrige frou slim ferwûne rekke by in stekynsidint yn in wenning yn Grou. De fertochte, in man fan 62 jier, is oanhâlden en wurdt heard.
It team Forensische Opsporing docht ûndersyk yn de wenning oan de Gjaltema.