Mear as tachtich biedingen op âld brêgewachtershúske by Dronryp

It hûs is dreech te berikken, dat mei dúdlik wêze © Struiksma Makelaars Sneek
Mear as tachtich biedingen binne dien op in bysûnder hûs oan it wetter by Dronryp. It eardere brêgewachtershúske út 1855 leit prachtich, mar der is gjin wetter, gas of elektrisiteit. Boppedat is it net berikber oer lân en net goed ûnderhâlden.
"De aandacht was overweldigend. Op Funda is het huis meer dan 800.000 keer bekeken", seit makelder Frank Zijlstra fan Struiksma yn Snits. Neffens him hat de belangstelling te krijen mei it plak en de oantreklike fraachpriis. "En de media heeft het opgepakt, dat zorgde voor een enorme hype."

Freed in keaper

Hy hopet freed in keaper te hawwen. "We maken een selectie van mensen die een bod hebben gedaan zonder voorbehouden. Stel dat je er graag wilt wonen en al het geld moet lenen, wordt dat denk ik wel een probleem. Daar zullen niet veel banken in stappen." Der moat ommers noch flink oan it hûs ferboud en opknapt wurde.
Neffens Zijlstra is it wol it doel dat it hûs stean bliuwt. "De mensen die we gesproken hebben, willen het herstellen."
Makelder Frank Zijlstra