Toeristyske farrûtes by Makkum teistere troch wetterplante-pleach

It reint klachten en minsken hiere minder faak in boat. Wettersportûndernimmers yn Makkum en omkriten hawwe bot te lijen fan in eksplosive groei fan wetterplanten yn de fearten yn de Súdwesthoeke.
Ien fan de ûndernimmers is Yvonne Wiersma fan Makkum. "Wy moatte minsken dy't net in soad ûnderfining hawwe freegje om de motor op te tillen en de propellers leech te heljen." Se fertelt dat it in breed probleem is: ek minsken mei in kano of op de sup hawwe der lêst fan of minsken dy't yn de omjouwing wenje en in boat hawwe, mar net mear mei de boat it wetter trochkomme.
Toeristyske farrûtes by Makkum teistere troch wetterplante-pleach
It giet om in wetterplant dy't fan orizjine net yn Nederlân foarkomt. Sûnt 2018 spilet it probleem en it wurdt neffens Wiersma hieltyd slimmer. Se wolle graach dat Wetterskip Fryslân de farrûtes op koarte termyn baggeret.
Harkje nei in reportaazje fan Wendy Kennedy
Neffens it Wetterskip binne skjinner wetter, de waarmte en genôch fiedingsstoffen de oarsaken fan de pleach. Om te soargjen dat it wetter goed befarber is en dat de sleatten en fearten it wetter goed ôffiere kinne, is baggerjen needsaaklik.
It Wetterskip hat hjir mei de provinsje ôfspraken oer makke, dy't fêstlein binne yn it Provinsjaal Ferkears- en Ferfiersplan. Wannear't der konkreet wat dien wurde sil oan de situaasje by Makkum, is net bekend.
Op 6 oktober is in spesjale jûn dêr't ûndernimmers, doarpsbelangen, de gemeente, provinsje en Wetterskip Fryslân by inoar komme om deroer te praten.