Harkemase Boys pleatst him nei strafskoppen foar haadtoernoai KNVB Beker

Harkemase Boys fiert it earste doelpunt © Orange Pictures
Harkemase Boys hat de twadde en lêste kwalifikaasjeronde foar de KNVB Beker nei strafskoppen wûn fan SVV Scheveningen. Op Sportpark Houtrust yn Den Haag wie it nei 120 minuten fuotbal 1-1.
De Friezen, dy't ien divyzje leger spylje as twaddedivyzjonist Scheveningen, kamen yn de fiifde minút al op foarsprong troch in doelpunt fan Berwout Beimers.
Nei achttjin minuten kaam Scheveningen wer op likense hichte fia Michael de Niet. Krekt foar it skoft liken de Boys noch op foarsprong te kommen, mar in ynset út in scrimmage waard troch in ferdigener fan Scheveningen fan de line helle.
Yn de twadde helte krigen beide klups noch inkelde goeie kânsen, mar ta goals kaam it net. In ferlinging moast útkomst biede. Beide ploegen giene dêryn fol foar de winst, mar ek yn it slotstik foelen gjin doelpunten mear.
De beslissende penaltyrige waard úteinlik mei 5-4 wûn troch Harkemase Boys. Beimers makke de winnende foar de Fryske ploech.
Harkemase Boys streamt no yn yn it haadtoernoai fan de KNVB Beker. Dêryn kinne se bygelyks in profklup as sc Hearrenfean of SC Cambuur lotsje. De lotting foar it haadtoernoai is kommende freedtejûn.