Kabinetsplannen krije stipe én krityk: "Vraag is of het voldoende is"

De kening lêst de troanrede foar © ANP
Caroline van der Plas (BBB), Pieter Heerma (CDA) en Gert-Jan Segers (CU) pleatse krityske kanttekeningen by de kabinetsplannen. Der is eangst dat de help foar in protte minsken te let komt en it sakjende betrouwen yn de polityk stimt ta neitinken.
Neffens BBB-partijlieder Van der Plas komme de plannen fan it kabinet fierstente te let. "Wij hebben maanden lopen knokken tegen de coalitie met allerlei moties. Niks kon en nu kan het ineens wel. Maar voor heel veel mensen is het al te laat."
Ferslachjouwer Onno Falkena fertelt oer Prinsjesdei 2022
Kening Willem-Alexander lies de troanrede dit jier foar yn de Koninklijke Schouwburg, om't it Binnenhof renovearre wurdt. Hy spruts fan in tiid fan 'tegenstrijdigheden en onzekerheden'. De besteanswissigens fan minsken stiet ûnder druk yn in tiid fan ekonomyske groei.
Caroline van der Plas fan de BBB reagearret op de troanrede
Dat minsken it betrouwen yn it oplossend fermogen fan it polityk bestjoer kwyt binne, waard 'soarchlik' neamd. Neffens Gert-Jan Segers fan koälysjepartij ChristenUnie sil it ek noch wol efkes duorje foardat it betrouwen werom is. "Maar ik hoop wel dat mensen merken dat hier maatregelen zijn aangekondigd die in hun portemonnee, in hun huishouden echt het verschil gaan maken."

Stikstofproblematyk

Yn syn troanrede neamde de kening it troch de helte dwaan fan de stikstofútstjit 'onontkoombaar'. De útstjit fan ûnder mear de yndustry en de lânbou moat omleech. Dat de lânbou net as iennige neamd waard, fernuvere Van der Plas yn positive sin.
"Wat me wel opviel, was dat de koning bij het reduceren van stikstof 'industrie', 'verkeer' en 'landbouw' zei. Landbouw werd als derde genoemd en dat vond ik wel opmerkelijk, want het lijkt alsof alles op het bordje van de landbouw ligt. Hij gaf daarmee wel de urgentie aan dat het ook van een andere kant moet komen."
Segers wiisde op it belang fan gearwurking by it redusearjen fan de stikstofútstjit. "Dat is bij het stikstofprobleem cruciaal. Het kan alleen maar vertrouwenwekkend zijn als we het samen met boeren en de hele samenleving doen."
De polityk lieder fan de ChristenUnie joech fierder oan dat syn partij hast in nije minister fan Lânbou fûn hat. Dy posysje wie fakant nei it opstappen fan Henk Staghouwer.
Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie: "Samenwerking is cruciaal"
Yn de troanrede waard ek oankundige dat der maatregels naam wurde om de enerzjyprizen net te folle oprinne te litten. De kening hie it oer in 'ongekend fors maatregelenpakket' fan 18 miljard euro. Ek waard bekendmakke dat it kabinet wurket oan in priisplafond foar enerzjy.

Is it genôch?

"Ik hoop dat mensen de komende weken zullen zien dat er echt wat gebeurt om te zorgen dat mensen met een lager- en middeninkomen de rekeningen wel kunnen betalen, maar de vraag is of het voldoende is", seit Pieter Heerma fan it CDA.
Benammen MKB'ers dy't in protte enerzjy brûke, sille net fuort út de problemen wêze. "De impact van de energierekening is heel breed. Dat raakt particulieren en het MKB, maar ook verenigingen. Ik denk dat de maatregelen ook voor hen wel verlichting zal bieden, maar de vraag is of er nog aanvullende maatregelen nodig zijn."
Pieter Heerma fan it CDA oer de troanrede
It kabinet sil ek besykje om de keapkrêft te ferbetterjen. Sa giet it minimumlean mei 10 prosint omheech. Fierder wurdt de hiertaslach struktureel ferhege, de soarchtaslach giet ien kear omheech. De ynkomstebelesting giet omleech.
Fierder wurdt der ûnder mear ynvestearre yn it ûnderwiis. Der wurdt ien miljard útlutsen om kânse-ûngelikens tsjin te gean. Datselde bedrach wurdt ek beskikber steld foar it ferbetterjen fan de kwaliteit fan it ûnderwiis.