Andries Noppert nei earste training Oranje: "Nivo leit bizar heech"

Noppert yn aksje op de training © Orange Pictures
Hoe nochteren en beskieden Andries Noppert ek wêze mei, it yn 'e kunde komme mei Louis van Gaal en Oranje die him wol wat. "It is fantastysk dat ik derby sit en dat ik hjir tusken rin."
Noppert fan De Jouwer, dy't ôfrûne seizoen by Go Ahead Eagles en dit seizoen by sc Hearrenfean hast eltse wike by de útblinkers heart, is fêstbesletten bûnscoach Van Gaal sjen te litten wat hy kin. Oranje riedt him ta op wedstriden tsjin Poalen (tongersdei) en België (snein). Tiisdei trainde Noppert foar de twadde kear, moandei hie hy al in earste sesje hân.
Andries Noppert genietet by Oranje
Dat it Nederlânsk alvetal wat oars is as Hearrenfean, wie fuort dúdlik foar Noppert. "By Oranje stiet der gewoan bizar folle yndividuele kwaliteit op it fjild. Memphis bygelyks, dy kin wat oars as oare jonges."
Dit is it heechste wat je helje kinne as fuotballer.
Andries Noppert, selektearre foar Oranje
Bûnscoach Louis van Gaal sei moandei dat Noppert by de seleksje siet "omdat-ie ballen stopt". Noppert moat laitsje as hy dat heart, mar kin him der wol yn fine: "Dat is ek de belangrykste taak fan in keeper. Ik fyn it moai dat hy dat seit en dat dat de reden is dat ik hjir bin."
Sawiesa fielt Noppert him wol thús by it Nederlânsk alvetal. "Dit is it heechste wat je helje kinne as fuotballer. In soad minsken sille sizze dat dat Barcelona is of sa, mar dêr kinst ek hinne sûnder foar dyn lân út te kommen. It is fantastysk dat ik derby sit en dat ik hjir tusken rin."
Arjen de Boer spruts mei Andries Noppert foar de moarnstraining:
Spilers dy't foar it earst by Oranje komme, moatte foar de hiele groep in ferske sjonge. Foar de Jouster sil it gjin kar wurde tusken it Frysk folksliet en it Woanskip, sa seit hy. "Dy twa wurde it net. Wat dan wol? Dêr bin ik noch net oer út, dat sjoch ik wol as it safier is."
Yn ferskate media wurdt spekulearre oer in mooglike rol as penaltykiller op it WK foar Noppert. "Oft ik wol in penaltykiller bin? Dat moatte we sjen. We dogge dêr dizze wike testen foar, ik hoopje dat dat goed útpakt foar my. Ik moat gewoan myn ding dwaan, enerzjy leverje, mysels sjen litte en mear kin ik net dwaan. Dan moatte we sjen oft dat genôch is om mei te gean nei Katar."