In dei út it ferline op it Flaeijelfeest

Op sneon 24 septimber fynt de 44e edysje fan it Flaeijelfeest plak, dit jier foar it earst yn Aldhoarne. Wa't echt de sfear belibje wol fan it libben fan 100 jier lyn, moat dy dei sels nei Aldhoarne komme. Mar wa't net yn de gelegenheid is om del te kommen, hat ek yn 2022 wer de kâns om de sfear op it feestterrein te priuwen op radio en telefyzje. Omrop Fryslân stjoert lykas foargeande jierren wer de hiele middei in spesjale edysje fan Sneon yn Fryslân út, streekrjocht fan it feestterrein ôf.
Dat koe fansels 100 jier lyn noch hielendal net, live op radio en telefyzje folgje hoe't it libben der doe útseach. Mar op it Flaeijelfeest komt dat ferline ta libben en Omrop Fryslân is der by. Dêr wurdt in poadium fan Omrop Fryslân opboud dêr't presintator Geert van Tuinen gasten ûntfangt en in ferslachjouwer giet mei mikrofoan en kamera op syk nei bysûndere ferhalen oer de ambachten en masines dy't op it Flaeijelfeest te sjen binne.
Dy prachtige âlde puffende trekkers, dy geur fan strie en oalje. Machtich moai.
"Ik ha der in hiel protte nocht oan", seit Geert van Tuinen. "In lokaasjeútstjoering dwaan is it moaist dat der is en hielendal op it Flaeijelfeest. Dy sfear fan 100 jier ferlyn, dy prachtige âlde puffende trekkers, dy nostalgyske wenweinen, dy grutte kloften publyk, dy geur fan strie en oalje. Machtich moai."
It Flaeijelfeest bestiet al sûnt 1977. It begûn ea as in doarpsdemonstraasje en is no útgroeid ta in evenemint dat goed 35.000 besikers lûkt en 450 frijwilligers telt. Mear ynformaasje oer it evenemint is te finen op www.flaeijel.frl.
HEA! op it Flaeijelfeest
Wa't op sneon 24 septimber by it poadium fan Omrop Fryslân lânsrint, fynt dêr ek de caravan fan HEA! Dat is de muoite seker wurdich. Minsken op it festival kinne op de foto mei de HEA!-geit en it spesjale HEA!-fotodoek. Kommend seizoen sil HEA! ek wer yn de provinsje te finen wêze, op syk nei bysûndere ferhalen en moaie minsken. Alle tips binne dan ek wolkom! Folje it formulier yn by de HEA!-caravan op it Flaeijelfeest of mail nei hea@omropfryslan.nl.
It Flaeijelfeest is op sneon 24 septimber tusken 13.00 en 18.00 oere te sjen en te hearren op radio en telefyzje by Omrop Fryslân.