Soargen by Fryske politisy: "It is derop of derûnder foar it kabinet"

CDA-senator Joop Atsma © ANP
Op de dei dat it kabinet syn plannen foar takom jier bekendmakket, uterje trije promininte Fryske politisy harren soargen.
Neffens CDA-senator Joop Atsma is it de kommende moannen "derop of derûnder" foar it kabinet. Atsma makket him soargen oer it ôfnimmende draachflak foar kabinet en polityk: "Op dit stuit giet it absolút net goed."
Joop Atsma: "Der moat ôfgryslik hurd wurke wurde"
"Op elts ministearje lizze der útdagings", stelt Atsma. "Dat betsjut dat der ôfgryslik hurd wurke wurde moat om eltsenien it perspektyf te jaan om fierder te kinnen."

Enerzjy en stikstof

Ien fan de grutste problemen op dit momint is de hege enerzjypriis. Atsma wiist derop dat net allinnich partikulieren, mar ek bedriuwen, skoallen, tsjerken en ynstellings dêr bot mei wrakselje.
Fierder hopet Atsma op in oanpassing fan de stikstofplannen. "Want wy kinne dêr no net mei út de fuotten. Ik hoopje dat der gau in nije minister op it ministearje fan Lânbou sit, dy't ek trochhat dat it sa net kin."

"It kabinet hannelet let"

PvdA-Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop hopet dat Prinsjesdei in omkear wêze kin yn it belied fan it kabinet. "It kabinet hannelet hieltyd let. Se skrikke fan de saken dy't barre en se fiere dêr dan belied op. Der sit net echt in fisy efter."
Habtamu de Hoop: "Hat it kabinet wol in fisy?"
De Hoop makket him soargen oer de útholling fan publike foarsjennings. "Ien op de trije buslinen is der daliks miskien net mear yn Fryslân, dan tink ik: wit it kabinet wol wat der spilet yn de mienskip, yn de regio? Dat freegje ik my echt ôf."
Ek op it mêd fan de enerzjyprizen leit der in grutte opjefte foar it kabinet, stelt De Hoop. "Net allinnich de minima hawwe it dreech, mar ek de middenynkommens. It kabinet moat echt yngripe foar de minsken dy't hartstikke harren bêst dogge, mar it net mear oprêde."

VVD'er Harry Bevers besoarge én optein

Twadde Keamerlid Harry Bevers (VVD) ûnderkent de soargen dy't der op dit stuit yn de mienskip binne. Ek hy wiist op de enerzjyprizen. "Ik weet hoe beklemmend het kan zijn voor mensen. Ik hoop dat we een gevoel van rust kunnen geven, dat we ermee bezig zijn."
Harry Bevers pakt út foar Prinsjesdei
"Het is nu moeilijk om van mensen te verwachten dat ze de politiek blind vertrouwen", giet Bevers fierder, "maar ik denk dat het terugkomt op het moment dat mensen het gevoel hebben dat er echt iets aan wordt gedaan."
Dochs is Bevers ek optein. "Het is een hele feestelijke dag. Het is voor mij de eerste Prinsjesdag. Ik kijk ernaar uit hoe het allemaal gaat vandaag."