Jubilearjende ferhalejûn dit jier yn it ramt fan 'De Ommekear'

© Ferhalejûn
De ferhalejûn wurdt op freed 18 novimber foar de fiifde kear organisearre. Tema dit jier is De Ommekear.
It evenemint is ûntstien yn 2018, dêr't it ûnderdiel wie fan de iepening fan it Kulturele Haadstêdjier. Op ferskate plakken yn de provinsje wurde ferhalen ferteld oer in bepaald ûnderwerp. Dit jier giet it oer in omkear: dat men wat hielendal oars dwaan sil.
"Grif yn twa jier mei corona binne der in soad minsken dy't miskien wol ta ynsjoch kommen binne om dingen oars te dwaan", sa tinkt Wini Weidenaar fan de organisaasje. "It giet oer persoanlike ferhalen, oer dysels. Minsken fine it moai om krekt dêrnei te harkjen."
Men is hielendal frij om in foarm te kiezen. "In oantal buorlju yn in doarp kinne beslute om mei te dwaan, sa't minsken it doarp troch kinne. Mar it kin ek op in poadium yn in doarpshûs dêr't dan publyk sit is of yn in grut gebou lykas in museum, biblioteek of âld-finzenis."
Wini Weidenaar fan de organisaasje fan de Ferhalejûn
Minsken kinne harren opjaan fia www.verhalenavond.nl.