Voedselbank Snits oer gefolgen krisis: "Njoggen nije oanmeldingen yn ien wike"

Voedselbank yn Snits © Omrop Fryslân
By de Voedselbank yn Snits binne yn koarte tiid mear nije oanmeldingen as gewoanwei yn ien wike tiid. Dat is in gefolch fan tanimmende kosten foar libbensûnderhâld, wêrtroch''t mear húshâldings yn jildproblemen driigje te kommen.
Koartlyn is de noarm om foar in itenspakket yn oanmerking te kommen ferromme. Dêrom komme der de kommende tiid mooglik noch mear oanfragen by. Yn Snits meitsje de frijwilligers har op foar in drokke tiid.
Ek by de Voedselbank Snits fernimme se dat it drokker wurdt:
Op it stuit stean alle stellaazjes noch fol mei rys, potten griente en molkeprodukten. Mar it giet neffens foarsitter Tom Metz fan de Voedselbank yn Snits hurd mei it guod: "We sieten yn desimber op sawat fyftich dielnimmers en we sitte kommende wike nei alle gedachten op tachtich. En dan giet de foarried hurder nei ûnderen, dus we wachtsje it ôf. Mar we kinne wol mear minsken helpe."

De Voedselbank hat yn in wike njoggen nije oanmeldingen krigen. It kin komme troch de hege ynflaasje en om't de ferromming fan de noarm daliks ynfierd is. In feroaring fan dit bedrach wurdt gewoanwei op 1 jannewaris trochfierd.

"Pittige uitdaging"

Gea Wielinga fan it Regionaal Distributiecentrum Voedselbanken Fryslân yn Drachten tinkt dat der de kommende tiid yn Fryslân mear âlderein gebrûk meitsje sil fan de Voedselbank troch de hege enerzjykosten. "Het wordt wel een pittige uitdaging, want aan de ene kant heb je ook de supermarkten die erg aan het werk zijn om voedselverspilling tegen te gaan, dus vroeger konden ze meer leveren dan nu."

Dat betsjut dat se by de Voedselbank mear dwaan moatte om genôch iten binnen te krijen. En dat duorret noch wol efkes. "We moeten er nu rekening mee houden dat het over een half jaar nog harder werken is als nu", seit Wielinga.

Farske griente

By de Voedselbank yn Snits sitte se der net oer yn oft se genôch minsken ha om de pakketten gear te stallen. Wol sille se mear dwaan om oan bygelyks farske griente te kommen. Dêrfoar gean se del by folkstunen om griente mei te nimmen dy't se dêr oer ha. Sa moatte de pakketten sa sûn mooglik wurde, mar as der mear minsken bykomme is it de fraach oft dat sa bliuwe kin.