Rispjen fan cranberrys op Skylge begûn: "Vorig jaar was het wel aanzienlijk meer"

© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Op Skylge is it rispjen fan cranberrys wer begûn. Sa'n tweintich eilanners plôkje de beikes op ferskate plakken yn de dunen oer it hiele eilân hinne.
It rispjen wurdt folslein mei de hân dien. Der komme gjin masines by sjen, mar de eilanners brûke wol in spesjale plôkbak. "Het begon vroeger in mijn vaders tijd met je handen", leit eilanner Albert Vis út, dy't helpt by it plôkjen.
Rispjen fan cranberrys op Skylge is úteinset
"Toen bedacht iemand ineens om een doos spijkers op een stripje ijzer te lassen. Daar hebben ze toen een houten kistje omheen getimmerd en toen ontstond het eerste plukbakje."
De plôkbak © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Uteinlik binne dy plôkbakken troch de jierren hinne ferbettere. "En de afgelopen paar jaar hebben we deze bakken", fertelt Vis grutsk. "Ik weet dat ze vroeger wel eens een machine gehad hebben, maar die liep constant vast omdat het terrein ruig is met boompjes en riet. Maar eigenlijk is dat ons geluk, want het blijft handwerk."
De ferwachting wie dat de risping dit jier goed ôffalle soe. Ferline jier waard der sprutsen fan in topjier, en gewoanwei falt it jier dêrnei dan goed ôf. Mar dat is dizze kear eins net sa.
"Nee, we klagen niet. Vorig jaar was er wel aanzienlijk meer, maar eigenlijk klaag ik nooit wat oogst betreft", fertelt Vis. "Gelukkig maar dat de natuur bepaalt wat er zit, want anders zouden we ons er allemaal mee bemoeien en dan kwam het ook niet goed."
Albert Vis mei de plôkbak © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Nei it ynleverjen fan de cranberrys wurde se drûge en skjinmakke. Dêrnei gean se op transport nei it fabryk yn Harns.
It plôkjen troch oare minsken as de tweintich eilanners dy't yn opdracht fan de Cranberry Terschellinger BV wurkje is foarearst noch ferbean. Fan 15 oktober ôf is plôkjen, mei de hân of op oare wize, foar eltsenien tastien.