Ynternasjonaal wetterkongres fan start yn Ljouwert: "Dat is een sprookje"

Boargemaster Sybrand Buma op de gearkomste © @WaterAllianceNL
It WTC yn Ljouwert stiet dizze wike yn it teken fan wetter. Wittenskippers, ûndernimmers en studinten komme dêr byinoar foar de Europeeske wettertechnologywike dy't organisearre wurdt troch ûndersyksynstitút Wetsus.
De 500 dielnimmers komme út sa'n 30 lannen. Ien fan de wichtichste doelen fan de konferinsje is om teory en praktyk oanelkoar te keppeljen. Sûnder dat kontakt komme de lêste ynsichten út de wittenskiplike wrâld en de fernijings yn it bedriuwslibben dreech of letter byelkoar as moatte soe.
Wetterkongres Wetsus
De earste dei fan it kongres op moandei wie foar it grutste part plenêr. De kommende dagen moetsje de dielnimmers inoar yn lytser ferbân of op ekskurzjes yn de noardlike provinsjes. Dêr kinne se yn lytse spesjalistyske rûnte mei elkoar fan gedachte wikselje oer problemen en de mooglikheden fan gearwurking beprate.
In pear fragen op it kongres binne neffens direkteur Cees Buisman fan Wetsus ûnder oaren: hoe kinne je drinkwetter sa frijmeitsje fan gif dat it geskikt is foar minsklike konsumpsje, hoe helje je medisynresten út rioelwetter en hoe kinne de nutriïnten dy't wy troch it húske spiele wer op it lân fan de boer telâne komme?

It belang

Minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat ûnderstreke op de konferinsje it belang fan wetterbehear. "Je denkt: Nederland is waterland nummer één, wij weten alles wel. Maar uiteindelijk zijn we acht eeuwen bezig met strijd tegen hoog water", seit Harbers.
"Je ziet nu ook door klimaatverandering een hele droge zomer. We moeten dus niet alleen leren het water snel af te voeren, maar ook water vast te houden voor dat het droog is. Daarnaast hebben we ook nog de waterkwaliteit te verbeteren. Dus eigenlijk hebben we nu een drievoudige uitdaging: hoogwater, laagwater en de waterkwaliteit. De wetenschappers en bedrijven die op dit congres zijn kunnen daarbij helpen."
Neffens Harbers moat Nederlân him wapenje tsjin klimaatferoaring en is it no tiid om te hanneljen. Dêrom fynt hy it ek belangryk dat er takom jier yn New York ûnder de flagge fan de VN in wrâldwetterkonferinsje holden wurdt dêr't in aksjeplan opsteld wurde moat. De konferinsje fynt plak ûnder foarsitterskip fan Nederlân en Tadzjikistan.

Wetterstêd Ljouwert

Harbers neamt de konferinsje yn Ljouwert tige wichtich. "Hier in Leeuwarden is een unieke verzameling kennisinstituten bij elkaar. Dat is ook de reden dat het kabinet heeft gezegd dat we de financiering voor de komende tien jaar voortzetten. Naast subsidies uit Europa, bijdragen van bedrijven en er loopt een aanvraag bij het Groeifonds. Dus ik hoop dat dit voldoende continuïteit biedt."
Cees Buisman © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Buisman is der grutsk op dat Wetsus fan in lyts, lokaal inisjatyf útgroeid is ta in ynternasjonaal erkend ynstitút dat grut oansjen hat en dat yntusken keppele is oan mear as hûndert bedriuwen. "Dat is een sprookje. Wonderen bestaan", seit Buisman.
Dat it sykjen nei oplossings foar de miljeu- en wetterproblemen mooglik te let komt sjoen de omfang fan de problemen wiist hy fan de hân. "Een wetenschapper moet optimist zijn. We denken wel eens dat het er niet toe doet wat we doen als burger. Maar een hoogleraar van mij zegt altijd dat al die kleine dingen die we doen voor een duurzame samenleving uiteindelijk zullen leiden tot een tipping point dat die duurzaamheid er ook daadwerkelijk komt."