Louis van Gaal oer wêrom't Andries Noppert oproppen is: "Omdat-ie ballen stopt"

Bûnscoach Louis van Gaal © Orange Pictures
Bûnscoach Louis van Gaal wol net al te folle sizze oer wêrom't er Andries Noppert oproppen hat foar it Nederlânsk alvetal. Hy wol gjin fergrutglês lizze op ien fan syn spilers.
Moandei hat de bûnscoach fan Oranje foar it earst reagearre op syn seleksje, mei dêryn dus ek in plak foar Noppert. De Jouster is selektearre út in list fan sa'n tsien oant fyftjin doelmannen dy't Van Gaal en keeperstrainer Frans Hoek yn de gaten hâlde.
De grutte fraach is wêrom't Van Gaal foar Noppert keazen hat. It antwurd is net yngewikkeld: "Omdat-ie ballen stopt. En als keeper moet je ballen stoppen."
De 71-jierrige fuotbaltrainer wol net djipper yngean op de kwaliteiten fan Noppert. "In principe praat ik daar niet over. Ik ga de ene speler niet vergelijken met de ander. Want dan ga je een vergrootglas leggen op de spelers en dat wil ik ze ook niet aandoen. Dus ik maak jou niet wijzer dan je al bent", seit Van Gaal tsjin Omrop-ferslachjouwer Arjen de Boer.
Bunscoach Louis van Gaal oer debutant Andries Noppert
It is ûngefear in healjier lyn dat Van Gaal Noppert op 'e kerrel krige. "De eerste keer was bij Go Ahead Eagles, toen het publiek 'Noppert in Oranje' ging schreeuwen. Dat was grappig. Toen kende ik hem wel, maar niet goed genoeg. Daarna krijg je hem veel beter in de gaten."
Van Gaal hopet de keeper fan sc Hearrenfean yn dizze wike better kennen te learen. "Keeper zijn is een specifieke en belangrijke functie in een elftal. Daarom zijn ze ook geselecteerd", seit Van Gaal, dy't de keepers dizze wike drok oan it wurk set.
Hy lit se, en Noppert dus ek, allegear testen dwaan om te sjen wa't it bêste is yn it tsjinhâlden fan strafskoppen. "Hij gaat ook die testen ondergaan, want wij zoeken de beste penaltykiller. In al die toernooien is gebleken dat penalty's vaak de doorslag geven, dus daar geef ik extra aandacht aan."
Andries Noppert © Orange Pictures
It Nederlânsk alvetal spilet dizze wike twa wedstriden yn de Nations League. It binne de lêste duels foardat Oranje yn novimber it wrâldkampioenskip spilet. Tongersdei spilet Nederlân in útwedstriid tsjin Polen yn Warschau. Snein is yn de Johan Cruijff Arena België de tsjinstanner.
De grutte fraach is oft Noppert yn aksje komme sil yn dy duels. Van Gaal dêroer: "Dat is een vraag voor jou en een weet voor mij."