Zeinstra oer Noppert yn Oranje: "Kin gjin oare reden betinke as foar de penaltys"

De SportCast mei Harm Zeinstra © Omrop Fryslân
Keepersanalist Harm Zeinstra tinkt dat Andries Noppert oproppen is foar it Nederlânsk alvetal fanwegen it kearen fan strafskoppen. Dat fertelt de âld-keeper yn de SportCast.
Yn de eagen fan Zeinstra heart Noppert net by de bêste fjouwer keepers fan ús lân. "Cillessen stiet op ien, Flekken op twa, Pasveer en Bijlow op trije. Dan komst yn in groep fan keepers dy't net echt foarinoar ûnder docht, mei Noppert, Paes en Verrips."
Dochs hat Noppert him moandei meld yn Zeist by Oranje. Zeinstra tinkt wol te witten wêrom: "Ik kin gjin oare reden betinke as foar de penaltys."
Bûnscoach Louis van Gaal hat oanjûn dat hy it hiel wichtich fynt om in keeper yn syn seleksje te hawwen dy't goed is yn it tsjinhâlden fan strafskoppen. Op it wrâldkampioenskip fan 2014 wiksele Van Gaal yn de kwartfinale tsjin Kosta Rika krekt foar de strafskoppesearje syn earste keeper Cillessen foar 'penaltykeeper' Krul.
No soe Noppert dy rol ynfolje kinne. Hy bruts foarich jier definityf troch by Go Ahead Eagles en docht it no goed by sc Hearrenfean. Zeinstra is ûnder de yndruk fan syn ûntwikkeling. "Hy docht it hartstikke goed. Dêr fernuverje ik my noch hieltyd oer", seit de âld-doelman fan Cambuur en Hearrenfean.
Zeinstra is presintator fan in podcast oer keepers en wurdt regelmjittich frege nei syn miening oer doelmannen. Hy tinkt dat Noppert him benammen noch ferbetterje kin op it mêd fan it meifuotbaljen.
Mar, dat net allinnich. "Hy moat noch hieltyd mear en mear ûnderfining opdwaan, seker ek ynternasjonaal. Mei dêrom fyn ik it ek wol wat in aparte útnûging foar Oranje, om't hy dy ynternasjonale ûnderfining noch net hat."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Wêr't Noppert in moai wykein belibbe mei de 2-1 oerwinning op FC Twente, gie it mei Cambuur op 'e nij striemin. By RKC Waalwijk waard mei 5-1 ferlern, nei't de Ljouwerters yn de earste helte trije reade kaarten krigen.

Net handich fan De Jong

Ien fan dy reade kaarten wie foar trainer Henk de Jong. Hy neamde skiedsrjochter Sander van der Eijk in 'slappe lul'. Nei ôfrin sei de Cambuur-trainer dat er gjin spyt hat fan dy wurden.
Dat is net handich, yn 'e eagen fan Zeinstra. "Sis dan gewoan: 'Sorry, it wie fanút de emoasje en it is myn flater. Ik moat it net sizze en it stiet net wêr't ik as persoan foar stean en Cambuur as klup foar stiet'. Dat hie him folle better past."