Cambuur akkoart mei skorsingen foar Hoedemakers, Bangura en De Jong

Henk de Jong krijt read fan skiedsrjochter Sander van der Eijk © Orange Pictures
SC Cambuur is akkoart mei de skikkingsfoarstellen fan de oanklager betelle fuotbal foar trainer Henk de Jong en spilers Alex Bangura en Mees Hoedemakers. De klup moat dêrtroch De Jong foar ien duel misse en beide spilers twa wedstriden.
De Jong hie in foarstel krigen fan in skorsing fan ien wedstriid en ien wedstriid ûnder betingst. Hoedemakers en Bangura krigen beide in skikkingsfoarstel fan twa wedstriden en ien ûnder betingst.
Hoedemakers en Bangura waarden sneon yn de earste helte fan de wedstriid tsjin RKC Waalwijk (5-1) mei in reade kaart fan it fjild stjoerd troch skiedsrjochter Sander van der Eijk. Beide spilers kamen mei in útstutsen skonk fierstente hurd yn op harren tsjinstanner.

Slappe lul

De Jong moast nei in healoere ek nei de tribune, omdat er Van der Eijk útskolden hie neidat dy in penalty jûn hie oan RKC, neidat Jamie Jacobs hands makke hie. Doe stie Cambuur noch mei 1-0 foar. Nei ôfrin fan de wedstriid liet De Jong witte dat er 'slappe lul' sein hie. Dêr hie er efterôf gjin spyt fan.
Yn it lêste kertier fan de wedstriid rûn RKC oer de njoggen fan Ljouwert hinne.
De Jong, Hoedemakers en Bangura ha oant 16:00 oere de tiid om te reagearjen op it skikkingsfoarstel. Bangura en Hoedemakers misse de thúswedstriid tsjin PSV en de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles. De Jong mist allinnich it duel mei PSV.