Minder treinen troch personielstekoart Arriva

© ANP
Ferfiersbedriuw Arriva skrast yn de hiele provinsje meardere treinritten fanwege in tekoart oan personiel.
It giet moandei om ritten fan Ljouwert nei Starum, Grins en Harns. Op twitter jout de ferfierder oan hokker ritten net trochgeane.
Moandeitemoarn wiene der al ritten nei Harns dy't net trochgean koene troch it personielstekoart. Sneintemiddei en sneintejûn foelen der treinen út troch 'onvoorziene omstandigheden'.
Ferfiersbedriuw Arriva hat al langer te krijen mei in personielstekoart. Earder spile dat benammen yn Grinslân, mar no falle der ek yn Fryslân ritten út.
De provinsjes Fryslân en Grinslân binne yn petear mei it ferfiersbedriuw. Se wolle net betelje foar ritten dy't útfalle, en driigje mei boetes.