Dagenlang foar de BBC om Elizabeth: "Dit wol ik wol meimeitsje"

© ANP
Keningshûskenner Bearn Bilker sit al dagenlang foar de telefyzje. "Ik wol der gjin minút fan misse", seit er. Sûnt it ferstjerren fan de Britske keninginne Elizabeth hat er de BBC derfoar.
"It is yndrukwekkend", seit Bilker, op de dei fan har begraffenis. "De hiele wrâld sjocht hjirnei."
"Se is 96 jier âld wurden, en hat 70 jier regeard. Dat wurdt no ôfsletten op sa'n perfekte manier. Hiel plechtich en seremonieel. Dêr hold se fan. En der is gjin lân op de wrâld dat dat sa goed kin."
Keningshûskenner Bearn Bilker sit al dagenlang foar de telefyzje
Yn de Westminster Abbey yn London is om 12.00 oere (Nederlânske tiid) de útfearttsjinst fan Queen Elizabeth begûn. Letter op de dei wurdt se te hôf brocht yn St George's Chapel by Windsor Castle.
Oan de rûte stean tûzenen minsken. Ien fan harren is Fries om utens Mona Smith. Se wie der betiid by. "We stienen hjir al om healwei achten. Der stean mar in pear minsken foar ús, we ha in moai plakje."
Fries-om-utens Mona Smith stiet oan de rûte: "It is wol gesellich"
Se stiet der út respekt en ek om de sfear te priuwen. It is hast gesellich, seit se. "De sfear is gemoedlik en elk praat mei elkoar."
"We ha it der ek oer hân om lâns de kiste te gean, mar op in stuit wie de wachttiid fjirtjin oeren en dat waard my te mâl." De útfeart folget se op de mobile telefoan.

Tank sizze

Keningshûssaakkundige Bearn Bilker begrypt it wol, dat der safolle minsken steane. "Ik hie it wol ferwachte. As ik yn Ingelân west hie, hie ik der ek hinne wollen."
"Je wolle har dochs op de ien oft oare manier tank sizze. Ien minsk en 70 jier regeare, dan is gigantysk."
Bilker sit foar de telefyzje. "Dit is sa bysûnder. It hat noch noait yn de skiednis sa west, en it sil ek net wer sa wurde. Dat wol ik wol meimeitsje. Dêr wol ik gjin minút fan ferlieze."