Lange rigen foar faksinaasjeronde, mar de grutte fraach is wat corona dwaan sil

Nils van Mourik fan GGD Fryslân © Omrop Fryslân
Eltsenien fan 12 jier en âlder kin dizze hjerst in nije faksinaasje tsjin corona helje. Moandei is de nije faksinaasjekampanje begûn. Yn Fryslân wurdt prikt yn Ljouwert, Drachten, Snits, Dokkum en op It Hearrenfean.
Minsken mei in heger risiko om slim siik te wurden en soarchmeiwurkers mei pasjinte- of kliïntekontakt binne as earste oan bar. De earste minsken wiene moarns al nei de priklokaasje yn Ljouwert kaam. Om it middeisoere hinne stiene der flinke rigen.

Hege opkomst op de earste dei

Nils van Mourik fan de GGD ferwachtet ek dat it drok wurdt. "Wy hawwe hjoed sa'n 90 persint fan alle tiidslotten foar it Moderna-faksin folle yn Fryslân. Dat is foar de doelgroep oant 1942, dy minsken hawwe in oprop krigen en kinne in ôfspraak meitsje."
Lange rigen foar faksinaasjeronde, mar de grutte fraach is wat corona dwaan sil
De GGD hie al op in hege opkomst hope. "By de eardere kampanjes wie it ek sa dat de earste dei fuortendaalks drok waard. Minsken moatte noch wol in ôfspraak meitsje, dat is altyd sa oan it begjin fan de faksinaasjekampanje. De frije ynrin komt letter wer."
By de priklokaasje yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De grutte fraach is oft it firus wer oplôgje sil no't de hjerst úteinset. "Dat is wol wat de mikrobiologen en de firologen ferwachtsje", seit Van Mourik. "As it aanst wer kâlder wurdt, kin der ek wer in oplibbing fan it firus folgje. Wy moatte dat ôfwachtsje fansels, ik haw gjin glêzen bol."
Neffens it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland lizze der op dit stuit 11 pasjinten mei corona yn de Fryske sikehuzen.
© Omrop Fryslân
Net eltsenien is ree om in nije prik te heljen. Ut in ûndersyk fan I&O Research docht bliken dat de helte fan de folwoeksenen gjin needsaak sjocht yn in werhelprik. Van Mourik fernimt dat dit benammen by jongelju spilet.

Minder ferlet by jongelju

"Wy sjogge dochs dat de misken yn de âldere doelgroep graach de prik hawwe wolle. Jongelju hawwe mear de fraach oft it foar har wol nedich is. Mar wy advisearje noch hieltyd: kom in prik heljen. Ast in oprop krijst, kom del."
Ferslachjouwer Jantine Stoffers by de faksinaasjekampanje