Sytse Jansma treedt op ynternasjonaal poëzyfestival yn Brussel op

Sytse Jansma © Welmoed Riemersma
Dichter Sytse Jansma treedt op it ynternasjonale poëzyfestival Transpoesie op yn Brussel. It festival wurdt foar de tolfde kear hâlden. It tema dit jier is 'It Europeeske jier fan de jeugd'.
Der binne foardrachten troch dichters út hiel Europa wei en yn Brussel binne op ferskate plakken posters en banners te finen mei de gedichten yn de oarspronklike taal en oersettingen yn it Frânsk en Nederlânsk.
It Skriuwersboun hat Jansma útkeazen om't syn wurk in moai foarbyld is fan de rykdom en mooglikheden fan meartaligens en hy byldzjende keunsten en poëzy op in kreative wize kombinearret. Hy wûn ferskate kearen de Rely Jorritsma-priis en wie dit jier ien fan de minsken efter it projekt Sprekende Stenen yn Ljouwert.
Op moandei 26 septimber is it Europeeske Dei fan de Talen. Dy dei wurdt sûnt 2001 jierliks organisearre troch de Raad van Europa en de Europese Unie mei as doel om safolle mooglik minsken witte litte hoe wichtich it is om in taal te learen, mar ek om meartaligens en it ynterkultureel begryp te fergrutsjen, in rike taalkundige en kulturele diversiteit yn Europa te befoarderjen en om in libbenlang talen te learen oan te moedigjen.
Op it festival binne 272 gedichten te hearren fan 249 dichters en der binne 981 oersettingen.
By eardere edysjes wienen Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuiper (2019), Nyk de Vries (2020) en Cornelis van der Wal (2021) ôffurdige.