Suksesfol Tsjerkepaad ôfsletten; doel om tsjerken faker iepen te stellen

Tsjerkepaad, de jierlikse iepenstelling fan Fryske tsjerken yn de simmer op sneontemiddeis wie ek dit jier wer in sukses. Sneon wie de ôfsluting yn de Grutte Tsjerke yn Hylpen.
De iepening wie 26 juny yn de roomske tsjerke yn Snits. It is net bekend hoefolle minsken oft yn de tsjerken west hawwe, mar oer it generaal wiene dat gemiddeld sa'n tweintich minsken de tsjerke. Yn tal fan tsjerken wienen wurken fan keunstners te sjen. Ek wie der in oargelfytstoer en in kleasterrûntsje.
Yn de Grutte Tsjerke yn Dokkum ha mear as tsientûzen besikers west. Dy tsjerke wie meardere kearen yn de wike iepen.
It tema dit jier wie 'Kerk voor jong en oud'. Yn de takomst wurdt ynset om tsjerken faker iepen te stellen en de gebouwen te dielen mei oaren.