Milan van Ewijk nei winst op Twente: "Wij kunnen een hele goede ploeg zijn"

Milan van Ewijk © Orange Pictures
Ien fan de opfallendste spilers by de wedstriid tusken sc Hearrenfean en FC Twente sneintemiddei wie Milan van Ewijk. De rjochtsback makke al nei twa minuten in flater, mar skoarde ek de 1-1. "De drie punten blijven hier, dat is lekker."
Van Ewijk wie nei ôfrin fan it duel, dat sc Hearrenfean mei 2-1 wûn, skuldbewust. "Ik maak al na twee minuten een fout. Daar kwam gelijk een goal uit, dan is het moeilijk om terug in je spel te komen. Maar ik geef niet op na zoiets, dan blijf ik gewoon doorgaan. Dat resulteert in een goal en een overwinning, dus ik kan alleen maar trots zijn op mezelf en op het team."
Ferdigener Milan van Ewijk makke in grutte flater, mar ek in doelpunt
Dochs mocht Hearrenfean fan gelok sprekke dat de efterstân nei it earste heal oere net grutter wie. "Je geeft hun de power om over je heen te gaan door mijn fout. Maar gelukkig stond er bij ons een goede keeper, die een paar ballen eruit houdt. Als je dan met elkaar blijft vechten lukt het en maak je nog twee goals. In de tweede helft zie je dat wij een goede ploeg kunnen zijn, en dan kunnen we ook winnen van Twente. Maar dan moet iedereen zich wel aan zijn afspraak houden."

'Boeiend voetbalgevecht'

Trainer Kees van Wonderen wie nei de winst op Twente grutsk op syn ploech. "Dit zijn niet de prettigste wedstrijden om te coachen, want er gebeurt heel veel. Er ontstaan ruimtes en kansen, terwijl je liever iets meer controle wilt hebben. Maar soms moet je even terug stappen en het aan de spelers laten, want je kan niet overal controle over hebben."
Trainer Kees van Wonderen oer de oerwinning fan syn ploech
En mei dat stapke werom seach Van Wonderen in wedstriid dêr't Hearrenfean yn werom kaam nei in min begjin: "Wij zijn de winnaar van een boeiend voetbalgevecht. We hebben de winst afgedwongen. We komen vroeg achter maar herstellen dat voor rust met twee geweldige goals. Een mooi voorbeeld is Milan die ongelukkig was bij de 0-1, maar dan een geweldige goal maakt om gelijk te maken. Herstellen en je oprichten, dat is wat wij gedaan hebben vandaag."

'Earste kertier ferskriklik'

Dat seach ek linksback Rami Kaib nei ôfrin. "It earste kertier wie ferskriklik. Mar nei de 1-1 ha we hiel goed spile, we ha in soad kânsen krigen en úteinlik fielt it dan dochs wol goed. Seker nei de 2-1. Yn de twadde helte ha we noch in soad kânsen krigen op de 3-1, dus ik bin der tige wiis mei."
Linksback Rami Kaib oer it duel tsjin FC Twente:
Kaib hie de tong op 'e skuon lizzen nei it duel. "Ik moast de hiele wedstriid it hiele fjild oer hinne en wer. Ik tink dat it foar de fans in aardige wedstriid wie om te sjen. En foar ús wie it úteinlik ek leuk, want we ha wûn."