Sportklup Hearrenfean wint thús fan FC Twente

Bochniewicz fiert de goal © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei in knappe oerwinning helle tsjin FC Twente. Yn it eigen Abe Lenstra stadion waard it 2-1 foar de thúsploech troch doelpunten fan Milan van Ewijk en Pawel Bochniewicz.
Mei Antoine Colassin, de Belch dy't hierd wurdt fan Anderlecht, yn de basis foar de blesseare Haye gie Hearrenfean it duel tsjin FC Twente yn.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Van Ewijk, Van Aken, Van Beek, Bochniewicz, Kaib; Tahiri, Colassin, Olsson; Van Hooijdonk, Sarr.
De besikers út Enschede krigen al nei twa minuten in kadootsje. Rjochtsback Milan van Ewijk makke in grutte flater troch in minne bal, wêrtroch't Misidjan profitearje koe. Hy skeat de bal knap lâns keeper Andries Noppert.
Twente besocht troch te drukken en hie de druk goed op Hearrenfean. Benammen Misidjan krige in pear grutte kânsen, wêrby't hy de latte rekke. Neffens in âlde fuotbalwet moat je sels de kânsen ôfmeitsje, want oars krigest in goal tsjin.

Hearrenfean draait it om

Nei in lyts heal oere barde dat ek doe't Hearrenfean der mei in snelle counter oer de rjochterkant útkaam. Milan van Ewijk krige de bal en makke syn flater út it begjin goed troch de lykmakker te skoaren.
Pawel Bochniewicz kopt de 2-1 binnen © Orange Pictures
Tsien minuten foar it skoft kaam Hearrenfean sels op foarsprong, doe't Bochniewicz in foarset achter keeper Unnerstall fan Twente koppe koe.

Penalty foar Hearrenfean

Yn de twadde helte koe Hearrenfean wat mear ynsakje. Twente moast komme troch de 2-1 stân op it skoareboerd, mar kaam net ta grutte kânsen. Sa no en dan wie Hearrenfean yn de counter gefaarlik ticht by de 3-1.
Mei noch goed tweintich minuten te spyljen krige de thúsploech in strafskop nei in oertrêding fan Pröpper. Sarr mocht oanlizze fan alve meter, mar seach dat keeper Unnerstall syn ynset tsjinhâlde koe. Dêrtroch krige Twente hoop, en oan de oare kant wie it Van Wolfswinkel dy't de latte boppe Noppert rekke.

Keepers dogge harren bêst

Yn de lêste tsien minuten, en mar leafst sân minuten blessueretiid, krigen sawol Hearrenfean as Twente noch ferskate kânsen. Mar sawol Noppert as Unnerstall koene harren ûnderskiede en dus bleau it 2-1.
De ploech fan trainer Kees van Wonderen stiet troch de oerwinning op it sechsde plak yn de earedivyzje mei 12 punten út 7 wedstriden.