Biograaf Liuwe Westra: "Tony Feitsma libbe sân dagen yn de wike foar it Frysk"

Yn har priveelibben, as wittenskipper en as taalbeweger: heechlearaar Tony Feitsma (1928-2009) wie sân dagen yn de wike mei de Fryske taal en kultuer besteld.
Sa'n trije jier hat predikant en literêr oersetter Liuwe Westra dwaande west mei syn biografy oer Tony Feitsma. 'Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009)' waard ôfrûne woansdei oerlange oan kommissaris fan de Kening Arno Brok.
Dat de biografy fan Feitsma der komme moast, stie foar Westra as in peal boppe wetter. "As jo jo tusken 1960 en 2000 dwaande hâlden mei it Frysk, op hokker mêd dan ek, dan koene je net om Tony Feitsma hinne. Se kaam altyd op je paad. Sy hie oer alles in miening en in stânpunt en dat liet se ek hearre. Se hat it Frysk yn dy tiid hiel bot stimpele."
Dat de biografy fan Feitsma der komme moast, stie foar Westra as in peal boppe wetter. "As jo jo tusken 1960 en 2000 dwaande hâlden mei it Frysk, op hokker mêd dan ek, dan koene je net om Tony Feitsma hinne. Se kaam altyd op je paad. Sy hie oer alles in miening en in stânpunt en dat liet se ek hearre. Se hat it Frysk yn dy tiid hiel bot stimpele."
Markante frou
Westra neamt har in markante frou. "Se wie ferskriklik yntelligint, heechtûk. Se hie in bepaalde fyzje en dêr hie se arguminten foar. Se gie it konflikt net út de wei en dan koe se hiel hurd wêze."
De Fryske taal wie har thús, tinkt Westra. "Tony Feitsma waard berne yn Brantgum as dochter fan twa boereminsken. Op jonge leeftiid ferhuze se út Fryslân wei nei de Wieringermarpolder. De famylje is faak ferhuze en ik tink dat it Frysk dêrom belangryk foar har wie. De taal wie in konstante faktor yn har libben."

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma praat mei Liuwe Westra oer syn biografy fan Tony Feitsma
Heechtûk
Hoewol't hy it net bewize kin, tinkt Westra dat Feitsma heechtûk wie. "Se hie altyd enerzjy oer en moast nei skoaltiid wat útfine. Al op jonge leeftiid, se wie in jier as seis, ronsele se oare Frysktalige bern foar de rubryk Muoike Wike yn de Ljouwerter Krante.
Der wie gjin ûnderwerp dêr't se nee tsjin sei as it mei it Frysk te krijen hie.
Ek yn har studintetiid, se studearre Frânsk, Deensk en Frysk, wie se bot mei de Fryske taal dwaande. "Se siet by in Fryske studinteferiening, abonnearre har op alle Fryske blêden en siet by in ferskaat oan Fryske organisaasjes, ek yn rûnten lykas de Fryske beweging of de staveringskommisje. Der wie gjin ûnderwerp dêr't se nee tsjin sei as it mei it Frysk te krijen hie.
Wittenskipper en taalbeweger
Fan 1976 ôf wie Feitsma heechlearaar Frysk oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam, oant de learstoel yn de jierren njoggentich fuortbesunige waard. Oanslutend wie se noch in koart skoft bysûnder heechlearaar oan de Universiteit van Amsterdam.
Besjoch de dokumintêre oer Tony Feitsma út 1999:
It is opfallend dat Feitsma har libben folslein yn it teken stie fan it Frysk. Oan de iene kant ferdjippe se har as wittenskipper yn de taal, oan de oare kant sette se har aktyf yn om de taal te behâlden en te befoarderjen. It wienen twa wrâlden dy't sy bêst te kombinearjen fûn. "Weardefrije wittenskip bestie neffens har net", fertelt Westra. "Sy wie fan miening dat as ien it Frysk net fierder helpe woe, dy de taal ek net hoegde te bestudearjen."
Fryske identiteit
Yn de jierren sechstich rekke it fenomeen identiteitsfoarming yn de moade. "Oant dy tiid waard Fryske identiteit as wat kollektyfs sjoen. Dan gie it oer it lânskip, de kultuer en de taal op himsels, mar altyd as eigenskip fan provinsje en taal as kollektyf. Feitsma hat de slach makke nei it persoanlike. Minsken dy't dat wichtich fine, kinne har de Fryske identiteit oanmjitte. Mar sy fûn dat dy minsken dan ek de kâns krije moasten om dat út te bouwen, bygelyks mei ûnderwiis."
Se sette har yn foar ferplicht Frysk yn it ûnderwiis, mar ûndernaam gjin fierdere stappen.
Sa sette Feitsma har der foar yn dat it Frysk ferplichte waard yn it ûnderwiis en dat it as eineksamenfak keazen wurde koe. "Mar wat ik har kwea ôf nim is dat se dêrnei gjin stappen mear ûndernaam. Sa'n trijetûzen ûnderwizers yn it basisûnderwiis binne allegearre wetlik ferplicht om de bern Frysk te learen, mar se kinne it sels net. Dan hawwe jo dochs in gigantysk probleem? Hoe wolle jo dat oplosse?" Neffens Westra gong se folslein foarby oan taalbelied en taalplanning.

Twadde froulike heechlearaar
Fan alle heechleararen Frysk dy't der west hawwe, wie Feitsma, nettsjinsteande har markante karakter, 'fierwei it populêrste', stelt Westra. "Se fielde presys oan wat aktueel wie yn de taalwittenskip en soarge derfoar dat de sosjolinguistyk bestudearre wurde koe. Se joech studinten ek alle romte om har te ûntwikkeljen yn de tema's dy't sy sels nijsgjirrich fûnen."
Op 1 oktober 2022 giet Goffe Jensma, de hjoeddeistige heechlearaar Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins mei emeritaat. Grutte fraach is oft hy it stokje oerdrage sil oan in frou. "As dat no net in frou wurdt, dan is it, as jo sjogge nei it oanbod fan froulike ûndersikers, in kwestje fan tiid en dan komt de twadde." Dêr is Westra fan oertsjûge.
Op 1 oktober 2022 giet Goffe Jensma, de hjoeddeistige heechlearaar Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins mei emeritaat. Grutte fraach is oft hy it stokje oerdrage sil oan in frou. "As dat no net in frou wurdt, dan is it, as jo sjogge nei it oanbod fan froulike ûndersikers, in kwestje fan tiid en dan komt de twadde." Dêr is Westra fan oertsjûge.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.