Seis stellingen foar WK-roeiers Jan van der Bij en Ymkje Clevering

It is it jier fan de feroarings foar roeiers Jan van der Bij en Ymkje Clevering. Moandei begjinne se, yn oare boaten as de ôfrûne jierren, oan it wrâldkampioenskip yn Tsjechië. We lizze it twatal seis stellingen foar yn de oanrin nei it WK.
Stelling 1: It is it jier nei de Olympyske Spelen, dus goed prestearje docht der net sa ta
Jan van der Bij: "Seker nee. Normaal hast fjouwer jier de tiid (nei de folgjende Spelen, red.), mar dat earste jier binne we kwytrekke troch corona. Yn it begjin fan it jier ha we seleksjeraces dien om te sjen wat de kwaliteit is. De coaches ha de boaten yndield op basis fan de grutste kânsen."
"Ast neat sjen litst op EK's, WK's en wrâldbekers, dan befêstigest neat. Dan litst ek net sjen dat de keuzes goed binne. Eins binne dy wedstriden hiel wichtich, want folgjend jier kinne we neat mear feroarje. Dan moatte we ús op it WK kwalifisearje foar de Olympyske Spelen."
Fan de fjouwer-sûnder-stjoerman nei de dûbeldfjouwer
De 30-jierrige Jan van der Bij siet de ôfrûne jierren yn de fjouwer-sûnder-stjoerman. Mei dy boat die er ek mei oan de Olympyske Spelen fan ferline jier. Se hellen gjin medalje. No is Van der Bij yndield yn de dûbeldfjouwer.
Yn de fjouwer-sûnder-stjoerman roeide Van der Bij mei ien riem oan ien kant. Yn de dûbeldfjouwer hat er oan beide kanten fan de boat in riem. "It is wol wat yngewikkelder", seit de Earnewâldster. "Dêrom ha ik yn de winter ek hartstikke hurd trochtraind. Dat hat him útbetelle."
Jan van der Bij en Ymkje Clevering beäntwurdzje stellingen foar it WK roeien
It Europeesk kampioenskip roeien wie in moanne lyn yn München, Dútslân. Dat ferrûn foar Van der Bij en de dûbeldfjouwer teloarstellend. Se hellen de A-finale net en koene dus net meistride om de medaljes. Se wiene feroardiele ta de B-finale.
Stelling 2: Ik ha wol efkes wekker lein nei't ik gjin medalje helle op it EK
Jan van der Bij: "Seker, ja. It roeibûn hie besletten dat we deroerhinne trainden, om't it net yn it skema paste rjochting it WK. As roeiers fûnen we it wol superbelangryk. De B-finale akseptearrest net as ploech. Hast net de hiele winter dyn bêst dien om in B-finale te roeien. Dan baalst gewoan."
Ymkje Clevering belibbe mear sukses op it EK. Se wûn twa kear brûns: mei de twa-sûnder-stjoerfrou en yn de frouljusacht.
Stelling 3: De brûnzen medaljes op it EK wiene moai, mar eins docht it my net safolle, want it wie gjin goud
Ymkje Clevering: "Nee, it die my wol wat. Wy wiene der net útrêste én net goed taret. We hiene net in protte hurde stikken oefene. En ek noch de dûbeldstart (op twa ûnderdielen, red.). Dêr binne je krekt net klear foar. It wie ús earste kampioenskip yn de twa-sûnder. Dat is ek wer nij foar ús. Dêryn moatte we wer ûnderfining opdwaan. Dat je dan dochs op it poadium steane, is hiel noflik."

Fan de fjouwer-sûnder-stjoerfrou nei de twa én de acht
It is krekt wat mear as in jier lyn dat Ymkje Clevering har earste olympyske medalje helle. Se wûn yn de fjouwer-sûnder-stjoerfrou sulver op de Spelen. Mar lykas by de manlju binne ek de froulju op 'e nij yndield troch de coaches. En dus sit se foar it earst yn fiif jier yn in oare boat. Sterker noch: yn twa oare boaten.
De 27-jierrige Haulerwykse sit no yn de twa-sûnder-stjoerfrou en de frouljusacht. Dat lêste hat net safolle prioriteit. "We traine net foar de acht. It is ynstappe en gean. Eins binne we allegear wol ferbaasd oer hoe goed oft it giet."
Foar Clevering is de twa-sûnder mei Veronique Meester wichtiger. Hielendal tefreden is se lykwols noch net. "It is in lestich nûmer. It slagget ús yn 'e trainings ek net om altyd konstant te prestearjen. Mar it is in superleuke útdaging."
Stelling 4: Ik kin de kommende jierren de twa-sûnder en de frouljusacht prima kombinearje
Ymkje Clevering: "Ik wit it net, dêr binne we benijd nei foaral. Mar as ik antwurd jaan moat, sis ik ja. Op it WK hoecht it inoar net yn it paad te stean. We ha wat gelok mei de ynskriuwings."
In gouden medalje is it doel, oars bin ik net tefreden.
Stelling 5: As ik gjin medalje helje op it WK, is it seizoen mislearre
Jan van der Bij: "Seker ja. Foar ús is it WK hiel belangryk. Ast goud winst, dan wist seker dat we boppe-oan steane yn de ranking. Ast dat net dochst, joust de coach ek in reden om te twiveljen. It EK gie net sa as we woene, no binne we der mei syn fjouweren wol op brâne om sjen te litten wat we kinne. We sitte no twa moannen mei-inoar. We krije it gefoel dat we de goeie kant opgeane. In gouden medalje is it doel, oars bin ik net tefreden."

Stelling 6: As ik gjin gouden medalje helje op it WK, is it seizoen mislearre
Ymkje Clevering: "Nee. Om't mei Nij-Seelân de topfavoryt yn it fjild leit, ha je oare ferwachtings. We sille seker besykje om it se lestich te meitsjen, mar we binne net altyd like konstant. We hoopje dat we ferrasse kinne. Yn de twa soe ik mei eltse medalje bliid wêze. De acht kin ik net sa goed ynskatte. Je hoopje dêr ek gewoan op in medalje. Sjen oft we stunte kinne dêr."