Oare ûnderfining fan museum yn earste Fryske museumnacht

Farre mei pream fan museum Houtstad IJlst yn Drylts nei Fries Scheepvaart Museum yn Snits © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De earste museumnacht yn Fryslân hat sneontejûn goed twatûzen besikers opsmiten. It evenemint hie al doel in oare ûnderfining fan it museum te jaan. Njoggentjin musea rûnom yn Fryslân diene mei oan de Fryske museumnacht.
Elts museum hie in spesjaal programma dat oanslút by de nacht. Sa koene besikers op in pream te farren fan it museum Houtstad IJlst yn Drylts nei it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. Yn museum Houtstad koene minsken boppedat in workshop houtsnije folgje.
Oare ûnderfining fan museum yn earste Fryske museumnacht
Yn it Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert stie in bysûnder konsert op it programma: it publyk koe lizzend ûnder de wol yn it tsjuster genietsje fan in optreden fan Zea. Dat slút oan by de tentoanstelling oer skieppewol dy't op it stuit yn it museum te sjen is.
De organisaasje lit witte dat der in opfallend soad jonge besikers wiene en dat der foaral in gutte opkomst wie yn de musea yn Drachten, Dokkum en op De Jouwer.
De earste museumnacht yn Nederlân wie goed tweintich jier ferlyn yn Amsterdam. Yntusken binne der hiel wat oare stêden dêr't de museumnacht ek hâlden wurdt, lykas yn Leiden, Maastricht en Utrecht. It is foar de earste kear yn Nederlân dat der in provinsjale museumnacht is.