Veiligheidsdag yn Snits: op it lân, yn it wetter, mar net yn de loft

Buien op de Veiligheidsdag © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Fan de maresjaussee oant de biste-ambulânse en de ANWB. Alle ynstânsjes dy't ek mar wat mei feiligens te meitsjen hawwe, wiene sneon manmachtich oanwêzich by de Veiligheidsdagen 2022 yn Snits. Troch it minne waar koe de traumahelikopter net komme.
De organisaasje ferwachtet yn it foar besikersoantallen tusken de 10.000 en 15.000 man. Dat tal minsken soe krekt nei fjouweren berikt wêze. Dochs is der in grutte tebeksetter foar de organisaasje. Troch de buien en de hurde wyn koe de traumahelikopter op it lêste momint net komme.
Martijn Jansen fan de organisaasje: "Dat is waar we echt met zijn allen met smart op zaten te wachten. Ik denk dat dat het grootste was."
De Veiligheidsdag yn Snits
De 30 oanwêzige feiligensorganisaasjes stienen ferspraat oer de Veemarkthal en it Veemarktplein opsteld. In soad dêrfan hiene in grut tal fan harren masines meinaam. Sa wie der in heechwurker fan de brânwacht, arrestaasjebuskes fan de plysje en trucks fan definsje.
Op it Martiniplein, by de Kolk en op it Veemarktplein waarden demonstraasjes holden. It publyk koe bygelyks sjen hoe't drinkelingen troch de helptsjinsten holpen waarden of hoe't de brânwacht in brân útmakket.
Rêdingsaksje by de Kolk © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Nettsjinsteande de minne waarfoarsizzingen hat der gjin twivel west oer it trochgean fan it evenemint. Jansen: "Absoluut niet. Ik heb letterlijk nog een natte bips van het rijden in de natte apparatuur. Kijk naar de gezichten, hartstikke mooi. Het weer heb je niet in de hand, maar wat we wel in de hand hebben, daar hebben we ons best op gedaan."