Liveblog | 17 septimber

LDODK wint noardlike derby | Cambuur rint read oan yn Waalwijk

Yn dit blog bringe we de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân fan dit wykein. Mei hjoed ûnder oare:

  • RKC - SC Cambuur
  • Ajax amateurs - VV Bûtenpost
  • Urk - Harkemase Boys
  • LDODK - DOS '46
Bywurke: 17 septimber, 23:09
sneon 17 septimber
23:04

Noppert ûnderút yn twadde ronde World Series of Darts finals

Yn de twadde ronde fan de World Series of Darts finals hat Danny Noppert ferlern fan Jonny Clayton. De man út Wales wie mei 6-2 fiersten te sterk foar de Jouster. Dêrmei is it toernoai yn Amsterdam klear foar Noppert.
20:49

Cambuur rint read oan yn Waalwijk

SC Cambuur hat yn de earste helte tsjin RKC trije reade kaarten krigen. Middenfjilder Mees Hoedemakers en linksback Alex Bangura krigen beide read nei domme oertrêdingen. Ek wie der read foar trainer Henk de Jong.
Yn de tuskentiid makke Jamie Jacobs noch wol de 0-1 foar de Ljouwerters, mar yntusken stiet it 1-1 nei't Michiel Kramer in penalty benutte. De stân by it skoft is dus 1-1. Yn de twadde helte moat Cambuur dy stân ferdigenje mei 9 tsjin 11.
20:28

LDODK wint fan DOS'46 en is koprinner

De kuorballers fan LDODK ha de efterstân by it skoft goedmakke. Yn de lêste minút wie it Ran Faber, dy't dizze wike te hearren krige dat hy oproppen is foar it Nederlânsk team, dy't LDODK op 14-13 sette.
Troch de oerwinning op DOS'46 is LDODK no koprinner yn de eareklasse A.
19:43

LDODK op efterstân yn noardlike derby

Yn de noardlike derby yn it kuorbal tusken LDODK en DOS'46 is de stân by it skoft 8-10 foar de besikers út Nijeveen. Grutte man by DOS is Max Malestein, dy't 5 fan de 10 doelpunten makke.
By DOS'46 binne twa âlde bekenden wurksum. Trainer Henk Jan Mulder is dêr, tegearre mei âld-spiler Friso Boode, de baas.
19:15

Dizze 11 moatte it dwaan foar SC Cambuur tsjin RKC

17:00

Winst foar Harkemase Boys tsjin Urk

Op Urk hat Harkemase Boys sneontemiddei in oerwinning behelle. It waard 0-3 foar de ploech fan trainer Wim Bakering.
Nei in 0-1 stân by it skoft waard it úteinlik 0-3 foar de Boys. It waard earst 0-2 troch in penalty fan Jari Slort, wernei't Dennis Hoekstra der yn blessueretiid 0-3 fan makke.
Harkemase Boys komt dêrmei op it fyftjinde plak mei 7 punten út seis wedstriden.
16:22

Bûtenpost ûnderút yn Amsterdam

VV Bûtenpost hat sneontemiddei yn Amsterdam mei 2-0 ferlern fan de amateurs fan Ajax. By it skoft stie it 1-0 troch in doelpunt fan Kaj de Jong. Yn de twadde helte besochten de Blaukes it wol, mar nei in lyts oere wie it Ajax dat de foarsprong ferdûbele troch in doelpunt fan Tristan Buis.
Yn de haadklasse B bliuwt Bûtenpost op fjouwer punten út fjouwer wedstriden stean.
15:45

Harkemase Boys op foarsprong

It is skoft op Urk, wêr Harkemase Boys op foarsprong stiet. Nei 17 minuten wie it Jhurrey Margaritha dy't de skoare iepene op oanjaan fan Mees Gootjes.
© Orange Pictures
15:34

Nyck de Vries nei AlphaTauri?

Autokoereur Nyck de Vries sil takom jier foar AlphaTauri aktyf wêze yn de Formule 1. Dat seit alteast De Telegraaf. Hy nimt it plak yn fan Pierre Gasly, dy't nei it team fan Alpine gean soe.
Neffens de krante hat De Vries freed in petear hân mei Helmut Marko. Marko is de grutte baas by it team fan Red Bull en it susterteam AlphaTauri.
15:23

VV Bûtenpost moat oan de bak yn twadde helte

VV Bûtenpost stiet mei 1-0 efter op besite by de amateurs fan Ajax. Nei sân minuten wie it Kaj de Jong dy't skoarde. De Blaukes moatte dus oan 'e bak yn de twadde helte.
15:10

Bangura oanfierder by SC Cambuur

SC Cambuur spilet jûn in útwedstriid tsjin RKC yn Waalwijk. By de Ljouwerters is spits Roberts Uldrikis der net by, hy rekke blesseare op 'e training dizze wike. De oanfierdersbân sit dêrom jûn om de earm by linksback Alex Bangura.
15:06

Danny Noppert nei twadde ronde yn Amsterdam

Darter Danny Noppert hat freedtejûn de twadde ronde berikt by de World Series of Darts finals yn Amsterdam. De Jouster wûn mei 6-4 fan Simon Whitlock. Noppert smiet dêrby in 170-finish.
Yn de twadde ronde moat Noppie it sneontejûn opnimme tsjin Jonny Clayton út Wales.
14:59

Wolkom yn dit liveblog

Yn dit blog bringe we de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân fan dit wykein. Mei hjoed ûnder oare: