Fryske tsjerketsjinst yn Hylper sfearen mei bysûndere earegasten

Deputearre Sieske Poepjes yn Hylper klaaiing by Fryske tjerketsjinst © Omrop Fryslân, Sybren Terpstra
Deputearre Sietske Poepjes wennet snein as earegast yn Hylper dracht in nostalgyske tsjerketsjinst yn Hylpen by. Kommisaris Arno Brok is de oare earegast. De tsjinst is sneintemoarn om 10 oere live te sjen by Omrop Fryslân.
De tsjinst yn de Grutte Tsjerke út 1632 flakby de Iselmardyk azemet de sfear út fan de tiid om 1750 hinne. Minsken dy't oare Fryske drachten oan hawwe, binne ek útnûge om del te kommen.
Alle gasten yn tradisjonele klean sitte foaroan yn de tsjerke. It giet om sawat tweintich froulju en tweintich Hylper manlju. Deputearre Sietske Poepjes en kommissaris fan de Kening Arno Brok binne de earegasten, Poepjes sil de tsjinst bywenje yn Hylpersk kostúm. Brok hat ek in kostúm oan, mar net in Hylpersk.

Hoed foar de eagen

Under de tjinst wurde Hylper gebrûken oanhâlden. Sa sitte manlju en froulju apart en hâlde de manlju út earbied de hoed foar de eagen ûnder it bidden. Marten Tienstra dy't de lêzing yn de Hylper taal jaan sil, wit dat noch út syn eigen jonge jierren: "Us heit wie binnenfeartskipper en gie mei it bidden ek altyd 'achter de pet'."
Kommissaris Arno Brok yn tradisjoneel kostúm © Omrop Fryslân, Sybren Terpstra
Nei de tsjinst is der in presintaasje fan Hylper klaaiing. Janny Zweed makket sels har eigen kostúms: "De Hylper skippen hiene Amsterdam as thúshaven. As de manlju thúskamen, leine se op de rede fan Hylpen en namen se de froulju mei nei Amsterdam. Dêr kochten dy dan de lapen sitsen stof dêr't se klean fan makken."

Trije kertier oan it oanklaaien

Frou Zweed is in heal oere oant trije kertier dwaande mei oanklaaien. Se hat it Hylpersk kostúm sawat tweintich kear yn it jier oan, ek om't se frege wurdt rûnliedingen te jaan yn dy klean. Mids 1800 yn de Napoleontyske tiid rûnen de lêste froulju yn Hylper klaaiing om, seit Zweed.
Janny Zweed en Marten Tienstra yn Hylper dracht © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Njonken de tsjerketsjinst is it snein ek de 'Dei fan Hylper taal' en de lêste dei fan Tsjerkepaad. as de Fryske tsjerken iepen binne om te besjen. De tsjerke fan Hylpen is sneintemidei ek iepen en der is muzyk fan in ensemble.
It is foar de tredde kear dat der sa'n Hylper tsjerketjinst hâlden wurdt. De tsjinst is streekrjocht te sjen by Omrop Fryslân. En letter ek werom te sjen op de webside en de app fan de Omrop.