No en Dan, in goede foarâlder wêze

'No en Dan' is in trijedielige FryslânDOK-searje oer de takomst. Mei de kultuermanifestaasje Arcadia waard ôfrûne simmer yn Fryslân hieltyd de fraach steld: hokker wrâld wolle wy neilitte oan ús bernsbern?
FryslânDOK 'No en dan' (diel 1 fan 3)
Sneon 17 septimber NPO2 (15.30 oere), werhelling sneins 13.30 oere.
Snein 18 septimber Omrop Fryslân (fan 17.00 oere ôf)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
De Australyske filosoof Roman Krznaric docht yn syn boek 'The good ancestor' ien kearneftige oprop: soargje datst yn alle besluten en yn alle hannelings in goede foarâlder bist. Krznaric wie in ynspiraasjeboarne foar Arcadia.
Roman Krznaric, skriuwer 'The Good Ancestor' © Jan Bensliman
Mar ek it Ministearje fan de Takomst, in lanlike beweging oprjochte troch Klaas Sietse Spoelstra, wol alle minsken mobilisearje om mei te tinken en te praten oer de grutte fraachstikken fan de kommende desennia.
Klaas Sietse Spoelstra © Jan Bensliman
Neffens Bruno Doedens, betinker fan it kuierjende 'Bosk' troch Ljouwert, gedraacht de minsk him as in puber. It is heech tiid de keamer op te romjen en folwoeksen te wurden, seit er.
Doedens wol mei syn bosk net allinnich de beammen, mar foaral de minsken yn beweging bringe. Ynstituten as de gemeenteried en de rjochtbank wurde oanmoedige de natoer in stim te jaan by beslútfoarming.
Bruno Doedens © Jan Bensliman
'No en Dan' begjint al mei in flamjend gedicht fan de Fryske skriuwster en aktiviste Aggie van der Meer (95). Sy wynt har op oer de lamlindige minsk, dy't leaver oeren yn de rige stiet op Skiphol as dat er him ynset foar syn eigen omjouwing. Se freget har ôf hoe't minsken har liede litte kinne troch 'it grutte misferstân' dat se net ien gehiel mei de ierde hoege te wêzen.
Aggie van der Meer © Jan Bensliman
Piter Tjeerdsma oer de Fryslân DOK-rige 'No en Dan'