Alex Bangura draacht oanfierdersbân Cambuur: "Maar zoveel verandert er niet"

Alex Bangura © Orange Pictures
Troch de blessuere fan Roberts Uldrikis is Alex Bangura sneon de oanfierder fan SC Cambuur yn de wedstriid tsjin RKC Waalwijk. It is foar it earst dat hy fan it begjin ôf de oanfierdersbân drage mei.
Foar dit seizoen beneamde Henk de Jong Uldrikis ta syn earste oanfierder. Dy is blessearre en docht net mei tsjin RKC. Dêrtroch mei Bangura foar de wedstriid nei de skiedsrjochter foar de toss en moat er nei de tiid ynterviews dwaan.
Wannear't Bangura foar it lêst oan in wedstriid begûn as oanfierder? "Dat is echt lang geleden, in de D'tjes of zo." Mar it is net hiel oars, tinkt de ferdigener. "Het is mooi dat je hem een keertje vanaf de start om mag hebben, maar zoveel verandert er niet."

"Verlengstuk van de trainer"

It is in ekstra ferantwurdlikheid foar de 23-jierrige fuotballer, dy't dwaande is oan syn twadde seizoen yn de earedivyzje. "Je bent het verlengstuk van de trainer. Ik probeer erin te groeien, want het is wel nieuw voor mij. We proberen de jongens op sleeptouw te nemen."
Syn spul sil der net troch feroarje. Bangura: "Of je de band nou om hebt of niet, ik probeer altijd gas te geven."
Alex Bangura is sneon de oanfierder fan SC Cambuur
SC Cambuur hat wat goed te meitsjen nei de 1-0 nederlaach tsjin FC Groningen fan ferline wike. Neffens De Jong ûntbruts yn dat duel de glimk op it gesicht fan de Cambuur-spilers. De trainer wie teloarsteld en luts de frije dei yn, dy't de spilers oars moandei hiene.
Bangura begrypt de krityk fan de trainer en hopet op ferbettering. "We moeten zorgen dat we voor elkaar gaan knokken en goed aan de bal zijn. Dan heb ik er alle vertrouwen in dat het goed gaat komen. We kunnen hartstikke goed voetballen en creëren elke wedstrijd, ook tegen Ajax, genoeg kansen. Als ze erin vallen, dan komt de schwung in de ploeg. Die was er zondag niet, om eerlijk te zijn."
Ik zou wel graag willen verlengen en ik hoop dat we er zo snel mogelijk uit komen.
Alex Bangura wol langer by Cambuur bliuwe
Dat Bangura noch by Cambuur spilet, is foar guon miskien wol in ferrassing. It lêste seizoen spile er goed en dus waard der ôfrûne simmer oan in transfer tocht. Belangstelling kaam der lykwols net, al ynformearre syn âlde klup Feyenoord noch wol efkes by Cambuur nei de status fan Bangura.
Mar hy is bliid dat er noch yn Ljouwert is. Sterker noch: hy hopet syn kontrakt te ferlingjen. Dat rint nei dit seizoen ôf, al sit der noch wol in opsje op foar noch in jier.
Yn juny sei Bangura al dat er mei de klup yn petear is oer ferlinging. Hoe sit dat no? "De gesprekken zijn nog steeds gaande. Ik zou wel graag willen verlengen en ik hoop dat we er zo snel mogelijk uit komen. Ik heb er wel vertrouwen in dat het goed gaat komen."
Sneontejûn is Bangura der yn elts gefal by. As oanfierder. En dus mei er om twa minuten foar achten nei skiedsrjochter Sander van der Eijk foar de toss. Dy sil in muntsje opsmite. Kiest Bangura kop of munt? "Dat weet ik nog niet, laten we dat dan maar bedenken", laket de oanfierder.
SC Cambuur sil sneontejûn om 20.00 oere op besite by RKC Waalwijk. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It ekstra sportprogramma begjint om 19.45 oere. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út Waalwijk wei.