Hearrenfean mei minym ferskil ûnderút yn earste kompetysjewedstriid

Fenna Meijer fan sc Hearrenfean © Orange Pictures
It frouljusteam fan sc Hearrenfean hat de earste kompetysjewedstriid fan it seizoen ferlern. Op besite by PSV waard it 1-0.
PSV, de nûmer trije fan ferline seizoen, krige oan it begjin fan de wedstriid al in grutte kâns, mar dy bedarre yn de hannen fan doelfrou Jasmijn Resink.
De Friezinnen, foar it earst ûnder lieding fan Hans Schrijver, holden lang goed stân tsjin de favorite thúsploech. Dy skoarde in kertier foar tiid dochs: 12-fâldich ynternasjonal Inessa Kaagman makke de 1-0. Dat wie ek de einstân.
Takom wike stiet de earste thúswedstriid op it programma foar Hearrenfean. Dan is Alkmaar de tsjinstanner.

Fenna Kalma begjint goed

Dizze wike wie FC Twente de tsjinstanner fan Alkmaar. De Fryske spits Fenna Kalma fan Twente is goed oan it nije seizoen begûn. Ferline jier waard se mei 33 goals topskoarer en no hat se alwer twa makke. Twente wûn mei 5-0.

Libertas: 6 út 2

Yn de earedivyzje sealfuotbal wûnen de froulju fan Libertas freed ek harren twadde wedstriid. Yn Damwâld waard it 1-0 tsjin Futsal Rotterdam. Sam Bosma makke de iennige goal.