Fryske Akademy beneamt fjouwer nije leden

Nelleke IJssennagger (direkteur-bestjoerder Fryske Akademy), Sake Roodbergen, Immie Jonkman, Lida Dykstra en Martsje Miedema © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Martsje Miedema-Loonstra, Lida Dykstra, Sake Pieter Roodbergen en Immie Jonkman binne fjouwer nije leden fan de Fryske Akademy. Se binne freed beneamd, op de 84e Akademydei.
De fjouwer binne allegear beneamd op grûn fan harren grutste fertsjinsten foar de Fryske kultuer, meldt de Akademy. Dy beneamt alle jierren in stikmannich nije leden op grûn fan harren fertsjinsten foar de Fryske taal en kultuer.
Miedema hat 48 jier les jûn. Se wie ûnder oare dosinte Frysk foar pommeranten. Neffens de Akademy hat Miedema deroan bydroegen dat it hjoed-de-dei de kultuer yn Fryslân is dat je hjir gjin liedingjaande funksje ha kinne, sûnder je bêst te dwaan it Frysk aktyf te behearskjen.
Dykstra stiet bekend as ambassadeur fan berneboeken, mar dat soe neffens de Akademy te koart troch de bocht wêze. Mei har skriuwen bringt se de Fryske skiednis, literatuer en kultuer by in grut publyk ûnder it omtinken.
Roodbergen hat him in soad ynset foar it ljipaaisykjen yn Fryslân. Letter waard er aktyf by it fêststellen fan tal fan offisjele nammelisten. Sa hat er, seit de Akademy, ûnbidich bydroegen oan 'e útbou fan it Frysk as taal fan wittenskip en belied.
Jonkman is al skoften dwaande mei grutte kulturele eveneminten yn de provinsje. Dêrby set se har ek yn foar de Frysktalige ynfolling. De Akademy priizget har ynset by de Slachtemaraton, it Oranjewâldfestival en Arcadia.

Skripsjepriis foar diftongeûndersyk

Op de Akademydei waard ek de Skripsjepriis 2020-2022 bekendmakke. Dy is dit jier foar Marco Martijn Kingma, dy't foar syn masterskripsje oan de Ryksuniversiteit Grins ûndersyk die nei de útspraak fan guon twaklanken yn it Frysk.