Hearrenfean mist nei alle gedachten fjouwer spilers tsjin FC Twente

Thom Haye © Orange Pictures
De sikeboech fan sc Hearrenfean rekket foller. Trainer Kees van Wonderen kin snein yn de thúswedstriid tsjin FC Twente net beskikke oer Thom Haye en Alex Timossi.
Fierder binne Tibor Halilovic (skorst) en Mats Köhlert (heup) der foar de twadde wike op rige net by.
Thom Haye hat lêst fan in ûntstekking oan de tean, Alex Timossi hat in knibbelblessuere. Amin Sarr koe ferline net begjinne, omdat er siik wie, mar is no wer fit genôch.
Hearrenfean kaam dizze wike twa kear yn it nijs: posityf en negatyf. Freed wie it in moaie dei, want Andries Noppert waard opnaam yn de seleksje foar Oranje. En dêr wie Van Wonderen fansels ek hiel bliid mei.
Kees van Wonderen oer de seleksje fan Andries Noppert
"Ik was toch wel een beetje verrast. Je denkt het zou kunnen en je hoopt het natuurlijk. Maar het bleef stil. Meestal krijg je ook wel een belletje: hou er rekening mee dat-ie erbij zit. Daar hadden we geen voorinformatie over. We hoorden het na de training dat hij erbij zit."

Noppert bliuwt mei beide fuotten op 'e grûn

Van Wonderen fernimt oant no ta noch net dat Noppert lêst hat fan alle oandacht foar syn seleksje. "Hij is heel nuchter. Hij zegt dat-ie ook de andere kant heeft meegemaakt. Dit is leuk en hij moet ervan genieten, maar hij relativeert het wel. Dat heeft natuurlijk ook met zijn achtergrond te maken. Maar het is wel uniek."
De wedstriid sc Hearrenfean-FC Twente begjint snein om 14.30 oere. It duel is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar komt fan Roelof de Vries.
Neffens Van Wonderen bliuwt de Jouster keeper wol mei twa fuotten op de grûn. "Zweven gaat-ie zeker niet. Wat wel kan, is dat je wat afgeleid wordt, bijvoorbeeld door de vele goedbedoelde berichten."
"Maar je moet wel verder: goed trainen en klaar zijn voor de wedstrijden, want daar word je op afgerekend. Je wilt niet dat je een matige wedstrijd aflevert door alle randzaken."

Heero

Woansdei en tongersdei kaam Hearrenfean negatyf yn it nijs. De rjochtsaak tsjin in meiwurker fan de klup, dy't ûnder oare yn it pak fan de maskotte Heero sit, waard ferlern. In dei letter kaam der in deadsbedriging binnen by de klup, nei oanlieding fan dy rjochtsaak.
Kees van Wonderen oer de rjochtsaak mei Heero
Van Wonderen fertelt dat it ûnderwerp wol bepraat waard yn de seleksje. "De club staat in een slecht daglicht. Het is doodzonde dat het ten koste gaat van de club. Je moet met elkaar in gesprek zijn tot het moment dat dat niet meer gaat. Dan kom je tegenover elkaar te staan, maar dat wil je niet."
En dêrtroch gong it dizze wike folle minder oer it fuotbal by Hearrenfean, wylst dat wol moat. "En over het oppakken na een nederlaag tegen Ajax en niet over randzaken."
Alle mensen die erbij betrokken zijn, moeten vooral naar het grote plaatje - naar de club - kijken.
Kees van Wonderen oer de rjochtsaak oer Heero
Hoewol't de saak gie tusken in fasilitêr meiwurker en de direksje, hat it neffens de trainer wol effekt op de groep. "Het heeft zeker invloed op ons, we hebben het er ook over en het hoort niet. We moeten dat als club zien op te lossen binnen ons gelederen. En niet te groot laten worden."
En dat net allinnich. Van Wonderen hat ek in tip foar dejingen dy't by de saak belutsen binne. "Soms gebeuren er zaken die van twee kanten moeilijk op te lossen zijn. Ik denk dat de mensen die erbij betrokken zijn, vooral naar het grote plaatje - naar de club - moeten kijken. Dat is het allerbelangrijkste. Al het andere is daarin ondergeschikt."